Radio Froskepôle fan 12 maaie 2015 18:00

Dizze wike binne alle fiif ôfleverings fan Radio Froskepôle yn it foar opnommen, want presintator Gurbe Douwstra hat efkes in wykje frij. Mei dêrom hawwe de lietsjes yn de programma's in tema dat harren meiinoar ferbynt. Sa wurdt Radio Froskepôle de earste trije dagen folle mei lietsjes oer manlju en froulju.

No is dat eins altyd sa, mar diskear giet it om spesifieke manlju en froulju, dy't yn de titel fan it liet by namme neamd wurde. Jûn binne de froulju oan bar mei lietsjes oer Brechy, Anne, Sylvia, Wytske, Sytske en neam mar op.

Radio Froskepôle fan 12 maaie 2015

Share this page on:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
(advertinsje)