Radio Froskepôle fan 1 april 2015 18:00

Hast it hiele programma sit jûn fol mei livemuzyk. Yn de oanrin nei it grutte AAIPOP-festival, ankommende Peaskemoandei yn Nijlân, is yn it foarste plak Fryslân's bekendste trûbadoer Piter Wilkens te gast. Solo, dat wol, sa't hy bygelyks no freed, 3 april, optrede sil yn kafee Marktzicht yn Drachten. Moandei is Piter mei band, de ôfslúter fan AAIPOP. Op datselde festival is dit jier ek de band dEROELS programmeard, in band fol mei AAIPOP-feteranen, want alle 'roels' hawwe yn oare bands wol mear as ien kear op it festival spile. Ien fan harren, Gerben Gerbrandy, hat, at it my net mist, ek noch bestjoerslid fan de stifting west, dy't it festival organisearret. Jûn dus allegear livemuzyk yn twa blokken. Oanfolle mei fansels noch in track fan de cd 'Mous' fan Snikhait.

18:07 - Van Geeft 'm - Storm
18:10 - Snikhait - Leutje Gertje
Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)