Podcast: "Einliks mysels..." : Marc Sander waard Manon Eline Veere

  • Mark waard Manon

Transgenders fiele har net, of net hielendal, thús yn de geslachtsrol dy't passet by har uterlik. Stadichoan komt dit ferskynsel út de taboesfear. Manon Barendsen út Snits hâldt in blog by oer har transysje fan man nei frou. Dat hâldt hiel wat yn, net allinne lichaamlik, ek psychysk. En net allinne foar de transgender sels, ek foar elkenien dy't om dy persoan hinne stiet. It Buro tekene it ferhaal fan Manon op en prate ek mei in psycholooch en in freondin.

De blog fan Manon Barendsens is te finen op www.manonbarendsen.com

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)