Pleechsoarch: net makkelik, wol hiel moai as it slagget

Ryk of earm, tegearre of allinne, homo of hetero: elkenien kin yn prinsipe pleechâlder wurde. Wat telt is dat jo in bern struktuer, waarmte en feiligens jaan kinne.

Sa stiet it op de webside fan Jeugdhelp Fryslân as it giet oer pleechsoarch. Hast elkenien kin pleechâlder wurde en dochs binne der lang net genoch pleechâlders. Om omtinken te freegjen foar dat probleem wurdt al in pear jier de wike fan de pleechsoarch organisearre. Dy is ôfrûne woansdei begûn en duorret noch oantemei tiisdei.

Foar it Buro in moaie oanlieding om ris út te sykjen hoe't dat no wurket yn de praktyk. We giene nei Goutum, dêr't de 13-jierrige Amir hielendal opnommen is yn it gesin fan Gerwin en Minke van Dam:

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(Advertinsje)