Plastic-soup surfer Merijn Tinga

Merijn Tinga is de earste yn ús podcast-rige 'Wrâldferbetterers'. We sykje minsken út dy't de wrâld feroarje wolle, te begjinnen by harsels

Mei it opromjen fan plestik is Merijn Tinga al jierren dwaande. As de Plastic Soup Surfer fiert hy aksje om it plestik ôffal te ferminderjen, yn de seeën, de rivieren en de wrâld om ús hinne. Merijn Tinga komt út Ljouwert, is opgroeid yn Grins en wennet no yn Leiden. Hy is biolooch en keunstner en de lêste jierren fulltime 'Plastic Soup Surfer'. Hy stelt de produsinten fan it plestik, dus de grutte bedriuwen, ferantwurdlik foar it plestik ôffal. Dat bart oant no ta te min, fynt hy. Produsinten wize júst altyd op de ferantwurdlikheid fan boargers, de konsumint. Merijn Tinga wiist de produsinten derop dat se séls wat dwaan moatte.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)