Piet's simmerfoarsizzing 2019 (#19)

Alle jierren komt Piet Paulusma mei in foarsizzing foar de simmer. Yn dit legedrukgebiet op ynternet, de PietCast, prate Piet en Wim diz'kear oer Piet's ferwachting foar dy simmer. Wurdt it wer sa'n ekstreme simmer as ferline jier?

Yn de njoggentjinde PietCast sjocht Piet foarút op it waar de kommende simmer. De streamingspatroanen fan de ôfrûne winter en no yn de maitiid sjogge der hiel oars út as ferline jier. Dat hat er meinaam yn syn foarsizzing.

Wér in kertierke legedruk waarpraat yn dizze 19e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Mailtsje kin nei Wim Brons

Programma presentator: 
Wim Brons

PietCast

It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteresearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma.
(advertinsje)