PC Kafee fan 31 july 2016 11:00

Snein is tradisjoneel nostalgy dei yn PC Kafee. En hjoed is it rekke!! It folsleine winnende partoer fan 50 jier ferlyn, 1966 dus, libbet noch: Rienk de Groot, kening Gerrit de Jong en Dirk Talsma. Sy komme alle trije. Mar ek de ferrassende preemjewinner Jos van Wieren is der. En let op: dan giet it oer in stikelbaarch!! Evert Heeg die ek mei oan de PC fan 1966. Mar hy wie doe ek al de muzikant fan it stel. Dat is hy no noch, dus Evert nimt it oargel mei en sil spylje.

Yn 1956(!!) tocht Corrie Hoekstra kânshawwer te wêzen op de PC, want hy wie steld mei de kening fan 1955, Wijtse Vlietstra. It soe oars rinne. Mar freegje Corrie nei keatsen en tuskenspul en hy leit de relaasje mei seks! En dat by de kofje! It belooft wat. Sake Saakstra sloech yn 1976 alles, mar dan ek alles om op de PC. Hy fertelt oer dy dei dat hy alles koe en kening waard. Lykas alle jierren is Bonne Stienstra de columnist en ek hjoed komt de live muzyk fan Butterfly.

Diel dit berjocht op:

PC Kafee

It PC Kafee komt wer fjouwer dagen lang út De Bogt fen Gené yn Frjentsjer. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren. PC Kafee mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums. Op freed 28, sneon 29 en snein 30 july en tiisdei 1 augustus is it PC Kafee om 18.00 oere op de radio te hearren.
    Radio iconUtstjoering: Tiisdei 1 augustus om 18.00 oere
(advertinsje)