PC Kafee fan 30 july 2019 18:00

    Dit jier binne der wer trije PC Kafees. Yn it PC Kafee sjogge foarút op de PC-dei mei kânshawwers en âld PC keatsers. It PC Kafee komt wer út De Bogt fen Guné yn Frjentsjer. Presintaasje fan it PC Kafee leit yn hannen fan Geert van Tuinen.

    In dei foardat it heve sil op it Sjûkelân komme de keatsleafhawwers noch ien kear byinoar foar it PC Kafee. Op tiisdei binne reedrydcoach Jillert Anema, berne yn de keatshoeke, Folkert van der Weij (winner 2009) en in fytsende Belch te gast. En noch in tige bysûnder ferhaal fan in dief dy't goed fyftich jier ferlyn wat stellen hat fan de PC, spyt krigen hat en yn it PC Kafee delkomt om dêroer te fertellen. De kollum komt fan Janny van der Meer en de muzyk fan Gurbe Douwstra.

    Alles oer it keatsen fynst op Omropfryslan.nl/keatsen.

    PC Kafee

    Ek al giet de PC sels net troch: dit jier is der dochs in PC Kafee, op de 5e woansdei fan july,
    (Advertinsje)