PC Kafee fan 30 july 2016 11:00

    Hjoed prate we oer de PC fan 1986. Dy waard wûn troch Peter Rinia, Wyb van Wieren en Tunno Schurer.
    Hy waard kening en is yn PC Kafee. Tjerk de Groot komt ek. Hy wûn mei Johannes van Dijk en Ruurd Rutten de preemje. In jier earder wûn De Groot mei dizze maten de PC en dêr hawwe wy ferline jier by stil stien. Noch mei Johannes van Dijk oan de tafel. Dy is der net mear, mar it omtinken oan docht in soad mei Tjerk. En….der is in nij keatsliet! “Hjoed is myn dei” hjit it. De tekst is fan Ate de Jong en it wurdt songen troch Robbie van Wieren, soan fan âld keatser Robert. Beide komme oan de PC Kafee tafel en fansels sil Robbie it liet sjonge.

    Bysûndere keatsleafhawwers binne Rimmer en Annie Osinga fan Gau. Alle wiken binne sy, mei de hûn, by it keatsen. Sy fertelle dêroer. LC sjoernalist Pieter de Groot docht de column en de live muzyk is hjoed fan Butterfly.

    PC Kafee

    It PC Kafee komt wer út De Bogt fen Guné yn Frjentsjer. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren. PC Kafee mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums.
    (advertinsje)