PC Kafee fan 29 july 2016 18:00

Hjoed stiet de dramatyske PC fan 1996 sintraal. De bruorren Gerben en Johan Okkinga hiene oan’t dat jier de PC noch nea wûn. It wie Gerben syn lêste jier. Beide sieten yn in toppartoer en sy troffen inoar yn de heale finale….. Johan wûn. Wy helje de emoasjes fan dy dei wer boppe wetter mei Gerben en Johan Okkinga. Mar ek mei Pieter Tienstra dy ’t, mei Johan dus en Sake Porte, de PC wûn. En Dirk van der Meer is der. Hy wûn dy dei as outsider de preemje.

Ek oanwêzich: Heleen Bruinsma. De mem fan Hylke. Al 22 jier folget sy har soan op de keatsfjilden. Sy is der altyd. Wat docht dat mei in minske. De column is fan Leendert Ferwerda en de live muzyk fan Vangrail.

Share this page on:

PC Kafee

It PC Kafee komt wer fjouwer dagen lang út De Bogt fen Gené yn Frjentsjer. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren. PC Kafee mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums. Op freed 28, sneon 29 en snein 30 july en tiisdei 1 augustus is it PC Kafee om 18.00 oere op de radio te hearren.
(advertinsje)