PC Kafee fan 28 july 2017 18:00

Weromsjen op de PC fan 20 jier lyn, mei it winnende partoer fan doe. It bysûndere ferhaal fan twa gouden klokjes fan Bote van Noord, Ouwe Seun Johny Nota en antwurd op 2 fragen: hoe giet it toch mei Klaas Westra en wêrom keatste Erik Seerden noait yn Spanje? We prate ek oer en mei skiedsrjochters en karmasters en der is live muzyk fan Vangrail.

Utstjoering: 18.00 oere (werhelling 0.00 oere)
Publyk wolkom: 17.30 oere

PC Kafee

It PC Kafee komt wer fjouwer dagen lang út De Bogt fen Gené yn Frjentsjer. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren. PC Kafee mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums. Op freed 28, sneon 29 en snein 30 july en tiisdei 1 augustus is it PC Kafee om 18.00 oere op de radio te hearren.
(advertinsje)