PC Kafee fan 28 july 2015 18:00

Yn de lêste ôflevering fan PC kafee praat Geert van Tuinen mei de earste froulike skiedsrjochter op de PC, Astrid Kooistra. En hy praat mei de debutanten fan dizze PC. Fierder giet hy my Rudmer van der Meer en Jacob Wassenaar en Chris Wassenaar werom nei de PC fan 2005. De live muzyk komt hjoed fan Vangrail.

PC Kafee

It PC Kafee komt wer fjouwer dagen lang út De Bogt fen Gené yn Frjentsjer. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren. PC Kafee mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums. Op freed 28, sneon 29 en snein 30 july en tiisdei 1 augustus is it PC Kafee om 18.00 oere op de radio te hearren.
(advertinsje)