PC Kafee fan 27 july 2019 18:00

    Dit jier binne der wer trije PC Kafees. Yn it PC Kafee sjogge foarút op de PC-dei mei kânshawwers en âld PC keatsers. It PC Kafee komt wer út De Bogt fen Guné yn Frjentsjer. Presintaasje fan it PC Kafee leit yn hannen fan Geert van Tuinen.

    Yn de earste PC Kafee fan 2019 is Joop Bierma, kening fan de PC fan it jier 1989 te gast. Ek Sake Porte, winner yn 1989 en 1999, skood oan de stamtafel fan presintator Geert van Tuinen oan. Fierder wurdt weromsjoen mei ferliezende finalisten Sietse van der Meer (1989) en Tjepco Miedema (1999). En wat is de keatswrâld sûnder leafhawwers? Willem Koopmans is sa'n échte PC leafhawwer en hat yn syn libben in protte dien yn it keatsen. De kollum komt fan Jacob Stelwagen en de muzyk fan de Hitsingers.

    Alles oer it keatsen fynst op Omropfryslan.nl/keatsen.

    PC Kafee

    Presintator Geert van Tuinen sjocht mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren foarút op de PC. Mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums.
    (advertinsje)