Op & Ut fan 9 jannewaris 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de nije teatershow 'Fljimsk' fan Griet Wiersma, Piter Wilkens en Minze Dijkstra, de 'Sneker Filmwinter' en wyldjûnen by Pean yn Nes (Akkrum).
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Elske DeWall yn it ramt fan har nije teatertour 'Velvet Soldier' en fan selliste Wytske Holtrop út Gersleat y.f.m. it lustrum fan Cultbee, de ideële stichting Cultuur Beetsterzwaag.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Popkoar First Beat fersoarget 'support act.' by konsert fan de Deenske top-acapella-band Basix yn De Harmonie yn Ljouwert. Snein 10 jannewaris om 15.00 oere (Basix jout op sneon 16 jannewaris ek noch in konsert yn Teater Sense yn Dokkum en de band treedt dyselde datum op yn Op & Ut).
www.harmonie.nl
www.firstbeat.nl
www.basix.dk
- Yn it Fries Grafisch Museum (ûnderdiel fan Museum Joure) op 'e Jouwer is snein 10 jannewaris de útrikking fan de earste Fryske Kopper print ('koppermaandag') en de iepening fan in oersjoch-eksposysje mei wurk fan Frits Drent. It begjint om 14.30 oere; de útstalling rint o/m 10 maart 2016.
www.museumjoure.nl
- Oersjoch fan it kulturele programma yn De Witte Kerk op 'e Himrik
http://www.wittekerkhemrik.nl/agenda/

2e oere (10.00-11.00)
- Elske DeWall oer har nije album en teatertour 'Velvet Soldier'.
www.elskedewall.com
- Nije teatershow 'Fljimsk' fan Griet Wiersma, Piter Wilkens en Minze Dijkstra.
www.grietwiersma.nl/fljimsk-de-nieuwe-show
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Lustrumkonsert Cultbee m.m.f. it Brackman Trio. Sneon 16 jannewaris om 14.30 oere yn de Doarpstsjerke fan Beetstersweach.
www.cultbee.nl
- 'Bist no he-le-maaaal betoetere', muzikaal teaterspektakel yn it ramt fan it 125-jierrich bestean fan brassband Crescendo út Warkum. Sneon 9 jannewaris om 20.00 oere yn sporthal De Rolpeal yn Warkum.
www.crescendoworkum.nl
www.henkdeboer.nl
- 'Sneker Filmwinter 2016'. 14, 15, 16 en 17 jannewaris yn it Filmhûs yn Snits en Cine Sneek.
www.snekerfilmwinter.nl
- Wyldjûnen by Pean yn Nes (Akkrum) op 5 en 6 febrewaris (6 febrewaris sit al fol). Organisaasje: sylskoalle Pean en ytkafee Kromme Knilles yn Akkrum.
http://www.pean.nl/nl/wildavond/
www.krommeknilles.nl

09:18 - Doobie Brothers - What A Fool Believes
09:44 - Savage Garden - Truly Madly Deeply
10:04 - Des'ree - Life
10:28 - Griet Wiersma - Gouden Swan
11:29 - June Lodge - Someone Loves You Honey
11:47 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)