Op & Ut fan 8 july 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de ymkerijdagen dy't ek yn de Kruidhof holden wurde, oer Pronkje dei yn Dokkum, oer it iepen Frysk kampioenskip skoulûken yn Earnewâld, oer de nije fototentoanstelling fan Tjibbe Hooghiemstra "De onschuld voorbij" en oer spesjale rûnliedingen fan't simmer yn Museum Martena yn Frjentsjer.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Dit wykein binne de lanlike iepen ymkerijdagen. Ek de Kruidhof jout hjir omtinken oan mei spesjale aktiviteiten.
www.dekruidhof.nl
www.bijenhouders.nl op dizze side steane alle lokasjes dy't in iepen dei hâlde.
- De Pastorijtún yn Easterein is dit wykein en takommene wykein noch iepen foar publyk.
https://www.facebook.com/pastorietuineasterein
- Efkes Buorkje! yn Wynaam. Net allinnich de bedriuwen sette har doarren iepen, ek it Archeologysk Steunpunt en it Gemaal Roptazijl.
www.winaam.nl

2e oere (10.00-11.00)
-Pronkjedei yn Dokkum
www.pronkjedei.nl
- De nije tentoanstelling "de Onschuld voorbij" oer Mata Hari fan Tjibbe Hooghiemstra, te sjen yn it Pier Pander Museum yn Ljouwert.
https://historischcentrumleeuwarden.nl/pier-pander
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Museum Martena yn Frjentser hat spesjale rûnliedingen dizze simmer.
www.museummartena.nl
- Earnewâld hat eltse snein aktiviteiten ûnder de namme "Eltse snein wat by d'ein". No snein is der it iepen Frysk kampioenskippen skoulûken.
www.earnewald.nl/nl/agenda/38-eltse-snein-wat-by-d-ein-suprise
- Teater oan it wetter op de Lemmer. 3 Sneontejûnen mei kabaret, amusemint en muzyk op it strân fan de Lemmer yn in nostalgyske teatertinte.
www.lemsterstrandtheater.nl
-Draaioargelfestival yn de Prinsentún yn Ljouwert.
www.draaiorgel.org

09:15 - Swing Out Sister - Breakout
09:32 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito
09:44 - Grytz & Grize - Sei Age
10:04 - Clark Mcguinn & Hillman - Don't You Write Her Off
10:13 - Anne-Marie - Ciao Adios
10:24 - Tet Rozendal - Brek Myn Beide Bonken (Ut Mata Hari)
10:33 - De Kast - Eltse Grins Foarby
10:49 - Daniel Powter - Jimmy Gets High


11:15 - Meghan Trainor - All About That Bass
11:24 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
11:36 - Veldhuis & Kemper - Ik Wou Dat Ik Jou Was
11:52 - Bocca & New Nostalgia - Sy Wit Fan Neat

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)