Op & Ut fan 8 april 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it museumwykein, oer ‘Ontdek meer’ yn Grou en oer de Matthëus Passion fan Bach.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Fierder binne der live optredens fan it jazz-duo Mastri – Le Cointre en fan singer/songwriter Roon Staal.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Jan Bos is snein 9 april de gids fan in rûte oer it lânguod Olterterp. Der wurdt omtinken jûn oan ‘e natuer en oan de byldenrûte mei personaazjes út Fryske folksferhalen. De start is snein 9 april om 14.00 oere by restaurant Het Witte Huis yn Olterterp. Douwe Kootstra hat in boekje skreaun oer dizze byldenrûte: ‘Als bomen konden spreken’. Dit boekje is te bestellen fia:
    www.beekdalkoningsdiep.nl
    - Ferskillende Fryske musea dogge op 8 en 9 april mei oan it museumwykein. Yn Op & Ut omtinken foar de aktiviteiten yn:
    * It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits
    www.friesscheepvaartmuseum.nl
    * En Dekemastate yn Jelsum
    www.dekemastate.nl
    www.nationalemuseumweek.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - It jazzduo Mastri - Le Cointre fersoarget it lêste konsert fan har Europeeske toernee yn it MCL yn Ljouwert. Snein 9 april om 15.30 oere.
    www.bonifatiuscultuur.nl
    www.jochemlecointre.com
    - ‘Ontdek Meer’ yn Grou. Sneon 8 en snein 9 april fan 12.00-17.00 oere.
    https://degrouster.nl/agenda/item/waterfestival-ontdek-meer
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Singer-songwriter Roon Staal jout in konsert yn de Kleasterkapel yn Sibrandahûs. Snein 9 april om 15.00 oere.
    www.roonstaal.com
    - Fytstocht foar it behâld fan it Domela Nieuwenhuis Museum. De start is moandei 10 april om 13.00 oere by de Aldehou yn Ljouwert.
    https://bedbadbroodfriesland.wordpress.com
    http://ferdinanddomelanieuwenhuis.nl/
    - Rudolf Nammensma fertelt oer de Matthäus Passion fan Bach (yn it algemien en oer de útfierings yn Fryslân) en oer de muzykreizen dy’t hy fersoarget yn ‘e mande mei Paulusma reizen.
    www.paulusma.nl
    - Klazina Hofstee fertelt oer de rige ‘Ratatoelje’ dy’t sy makket foar ‘Finster op Fryslân’. Belangstellenden dy’t har foar dizze rige oanmelde wolle, kinne in mail stjoere nei: Klazina.Hofstee@omropfryslan.nl
    http://finsteropfryslan.frl/mienskip/ratatoelje

    Jochem Le Cointre en Simon Mastri MCL konsert

    Oer it konsert dat sy sneintemiddei om 15.30 jouwe yn it MCL yn Ljouwert.

    Tûnrubryk fan Klaas Piekstra

    Alles oer de tûn en tariedings foar de simmer met Klaas Piekstra.

    Roon Staal

    Sneintemiddei jouwt Roon Staal in konsert yn de Kleaser kapel yn Sybrandahûs.
    Roon Staal spilet nei it pertear live.

    Matthäus Passion fan Bach

    Rudolf Nammensma oer de muzykreizen dy't hy yn é mande mei Paulusma Reizen fersoarget en de útfierings fan de Passion yn Fryslân.

    09:16 - Nits - In The Dutch Mountans
    09:33 - Ed Sheeran - Galway Girl
    09:45 - Grytz & Grize - Sei Age
    10:22 - Van Morrison - Spanish Rose
    10:34 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
    11:23 - Adele - Water Under The Bridge
    11:36 - Mocedades - Eres Tu

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)