Op & Ut fan 7 oktober 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de jubileum-eksposysje ‘It Muzyk giet troch de Buorren’ fan brassband Apollo Grou, oer de fredeslêzing troch generaal b.d. Peer de Vries yn Frjentsjer en oer de musical ‘Was Getekend, Annie M.G. Schmidt’, dy’t yn Snits en Ljouwert te sjen is.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natuer
- Yn Fryslân dogge ferskillende bedriuwen en ynstellings mei oan it lannelike ‘Weekend van de Wetenschap’. Yn Op & Ut omtinken foar ien fan de dielnimmers: de Dairy Campus oan ‘e Boksumerdyk 11 yn Ljouwert. Belangstellenden binne hjir wolkom op sneon 7 oktober fan 10.00 oant 15.30 oere.
www.dairycampus.nl
www.hetweekendvandewetenschap.nl
- Benefytkonsert troch it Orkest van de Koninklijke Luchtmacht. De opbringst is foar de stichting ‘Lezen en Schrijven’ dy’t har ynset foar ‘laaggeletterdheid’ yn Noard-east Fryslân. It konsert is freed 13 oktober. De lokaasje wurdt noch bekend makke (wie sporthal de Westermar yn Burgum, mar dy lokaasje is woansdei 4 oktober lêstlyn folslein útbrând).
www.rotaryclubbergum.nl
- Akademylêzingen fan ‘e Fryske Akademy 2017-2018.
www.fryske-akademy.nl/nijs-en-aginda/eveneminten/akademylezingen/

2e oere (10.00-11.00)
- ‘It Muzyk giet troch de Buorren’, jubileum-eksposysje ‘125 jier Brassband Apollo Grou’.
Fan 7 oktober o/m 26 novimber 2017 te sjen yn museum ‘Hert fan Fryslân’. En op 18 novimber is de jubileumdei mei û.o. in reüny, resepsje en jubileumkonsert.
www.apollogrou.nl
www.museumhertfanfryslan.nl
- Fredeslêzing yn it ramt fan de fredeswike yn Frjentsjer op tongersdei 12 oktober om 19.30 oere yn de St. Franciscustsjerke yn Frjentsjer. Ynlieder is generaal b.d. Peer de Vries. Hy fertelt oer syn persoanlike ûnderfinings yn it eardere Joegoslaavje.
www.franeker.frl/evenementen/vredesweek-franeker/
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Auteur Jan Brokken fertelt oer syn boek ‘Mata Hari, de ware en de legende’, dat krekt op ‘e nij útjûn is yn in oanpaste ferzje. Ek jout hy sneon 7 okt. om 16.00 oere de konsertlêzing ‘De weg naar de vrijheid’ yn de doarpstsjerke fan Beetstersweach.
www.janbrokken.nl
www.cultbee.nl
- Musical ‘Was Getekend, Annie M.G. Schmidt’. 6 en 7 oktober yn Theater Sneek yn Snits en 17 en 18 jannewaris 2018 yn de Harmonie yn Louwert.
www.stage-entertainment.nl/shows/musical/was-getekend-annie-mg-schmidt/
www.theatersneek.nl
www.harmonie.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
* Ale S. Zandbergen, Famke, famke. Het Nieuwe Kanaal, Ljouwert 2017. 22,50 euro, www.hetnieuwekanaal.nl
* Lida Dijkstra & Natascha Stenvert, Mata hari. Utjouwerij Wijdemeer, Ljouwert 2017. Kadoboek foar bern. 4,95 euro
www.wijdemeer.nl
www.ernstbruinsma.nl
- Tryater spilet ‘Wat jo wolle’. Fan 5 okt. o/m 16 desimber.
www.tryater.nl

09:06 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
09:15 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
09:23 - Brigitte Kaandorp - Koeien
09:32 - Lenny Kravitz - It Ain't Over 'til It's Over
09:44 - Johannes Rypma - In Libben Yn'e Rock & Roll (Play Me)
09:54 - Jp Cooper - September Song
10:07 - John Travolta & Olivia Newton-John - You're The One That I Want
10:16 - Sam Smith - Too Good At Goodbyes
10:36 - Amanda Strydom - My Kamer
10:48 - Caro Emerald - The Maestro
11:06 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
11:17 - Tet Rozendal - Brek Myn Beide Bonken (Ut Mata Hari)
11:39 - Kenny B - Parijs
11:49 - Pink - What About Us
Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)