Op & Ut fan 7 novimber 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it Fryske Frucht Oogstfeest yn Oranjewâld, it muzykteaterstik 'Ik Martinus' yn de St. Martinustsjerke yn Snits en it 'Noordelijk Filmfestival' yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Arno van der Heyden en Braskiri.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Eksposysje mei wurk fan Maartje Roos (foto's) en Gosse Koopmans (skilderijen) yn It Maskelyn yn Hurdegaryp. Fan 6 novimber o/m 18 desimber 2015.
www.itmaskelyn.nl
www.roosphotography.nl
www.gossekoopmans.nl
- Fryske Frucht Oogstfeest yn Oranjewâld. Snein 8 novimber fan 14.00 oere ôf yn hotel/restaurant Tjaarda.
www.fryskefrucht.frl
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn Theater Sneek yn Snits.
www.theatersneek.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Muzikale kabaretfoarstelling 'U Bevindt Zich Hier' fan Arno van der Heyden. Freed 13 novimber om 20.00 oere yn De Buorskip yn Beetstersweach.
www.arnovanderheyden.nl
www.cultbee.nl
- Muzykteaterstik 'Ik Martinus'. Op 11, 12, 13 en 14 novimber om 20.00 oere te sjen yn de St. Martinustsjerke oan 'e Singel 62 yn Snits.
www.muziektheatermartinus.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Braskiri.
www.braskiri.nl
- Skriuwer Nyk de Vries oer syn nije roman 'Renger'.
www.nykdev.nl
www.singeluitgeverijen.nl/de-arbeiderspers/boek/renger/
- 'Publieksacademie Friesland' mei as tema: burn-out. Tiisdei 10 novimber om 19.30 oere yn it atrium fan de 'Leeuwarder Courant'. Oanmelde kin fia:
www.ggzfriesland.nl/burn-out
De jûn is ek live te folgjen fia: www.lc.nl. Sjoch foar mear ynformaasje op:
www.ggzfriesland.nl/publieksacademie
- 'Noordelijk Filmfestival'. 11 o/m 15 novimber yn de Harmonie en by Slieker Film yn Ljouwert.
www.noordelijkfilmfestival.nl

09:20 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)