Op & Ut fan 7 jannewaris 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer ‘Hip Hop Hoera’, in humoristyske hiphop foarstelling foar bern, oer ‘Koud Kunstje!’, de nijste sirkusteaterproduksje fan Wintersirkus Arlette Hanson en oer in eksposysje fan Marjolein Overal mei tekeningen fan Jebel Ali, it doarp út har jeugd yn de Feriene Arabyske Emiraten.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan blokfluitist Erik Bosgraaf en in delegaasje fan it jazzorkest Leoville.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- ‘Fjoer en Flam’, 31ste Nijjiersrevu fan ‘e Jouwer. Spyldata: 7, 13 en 14 jannewaris om 20.00 oere yn sealesintrum ’t Haske op ‘e Jouwer. Op 14 jannewaris is der is in foarstelling om 14.30 oere.
www.revudejouwer.nl
- Marjolein Overal eksposearret tekeningen fan Jebel Ali, it doarp út har jeugd yn de Feriene Arabyske Emiraten. Fan 7 jannewaris o/m 7 febrewaris yn ‘e bibleteek op It Hearrenfean.
www.bibliothekenmarenfean.nl/heerenveen/exposities-heerenveen/marjolein-...
www.marjoleinoveral.nl
- De Kompany Noord Nederland bringt fan 8 o/m 22 jannewaris útfierings fan it ‘Overufer Driekoningenspel’.
http://leeuwarden.christengemeenschap.nl/files/poster-Driekoningen.pdf

2e oere (10.00-11.00)
- Nijjierskonsert troch blokfluitist Erik Bosgraaf en it barok-ensemble Cordevento. Sneon 7 jannewaris om 19.30 oere yn de Krústsjerke yn Burgum.
www.kerkplein-burgum.frl/
www.erikbosgraaf.com
- ‘Faderpaard’ mei fan 12 o/m 14 jannewaris de jierlikse hynstekeuring fan it KFPS en op 12 en 13 jannewaris de Friesian Proms. Lokaasje is it WTC Expo yn Ljouwert.
www.faderpaard.nl
www.kfps.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Konsert troch jazzorkest Leoville yn restaurant Lange Piet oan de Langestreek op ‘e Lemmer. Snein 8 jannewaris om 16.30 oere. Organisaasje: jazz@sunday fan ‘e Lemmer.
Oare konserten dy’t by jazz@sunday op it programma steane, binne: Graenzz op 5 febrewaris, Fons van Hove mei JaZZapp op 5 maart en it Diederik Idema kwartet op 2 april.
www.leoville.nl
www.langepiet.nl
- Bob de Boer fertelt oer syn nije húskeamerteaterke @De Wier op ‘e terp yn Koarnjum. Snein 8 jannewaris bringe Andries Kobus & Jan van Erp hjir har programma ‘Van weemoed en andere genoegens’. Om 15.00 oere.
www.pinupsanddowns.com
- Wintersirkus Arlette Hanson stiet freed 13 jannewaris yn it Posthûs op It Hearrenfean mei har nije sirkusteaterproduksje ‘Koud Kunstje!’. Om 19.15 oere.
www.wintercircus.nl
www.posthuistheater.nl
- Frontaal bringt yn ko-produksje mei Don’t Hit Mama: ‘Hip Hop Hoera’, in fleurige funky hiphopfoarstelling foar bern fan 4 jier en âlder. Sneon 7 jannewaris om 15.00 oere yn de Harmonie yn Ljouwert.
www.harmonie.nl
www.frontaal.com

Op & Ut fan sneon 7 jannewaris: Johan de Jong

Op & Ut fan sneon 7 jannewaris: Erik Bosgraaf

09:16 - Sniff 'n' The Tears - Driver's Seat
09:34 - John Legend - Love Me Now
09:46 - Miss Montreal - Just A Flirt
10:35 - Jaap Louwes - Ezel Numer 1
10:43 - Rupert Holmes - Him
10:54 - Swiet & Bjuster - Fordson Dexta Blues
11:12 - Ella Fitzgerald - Ev'ry Time We Say Goodbye
11:35 - Beukema - Max Patat
11:48 - Niall Horan - This Town
11:55 - Tambourine - High Under The Moon

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)