Op & Ut fan 6 maaie 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de lokaasjefoarstelling ‘Bêste snie’ fan teätergroep Atol, oer in eksposysje mei wurk fan Anne Woudwijk en oer in tocht mei âlde legerweinen fan ‘Keep Them Rolling’.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Fierder binne der live optredens fan singer/songwriter Murk Aukema en fan chansonnier/singer/songwriter Eduouard van van de Velde.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Tocht mei histoaryske legerweinen fan ‘Keep Them Rolling’ troch Noardeast Fryslân. Sneon 6 maaie om 10.00 oere út Aldtsjerk wei. Om 16.00 oere hinne wurde se wer werom ferwachte By De Klinze yn Aldtsjerk. Se wurde dan binnenhelle mei muzyk fan de Big Band Leeuwarden en de ‘Andrew Sisters’.
www.ktr.nl/clubagenda.html
www.facebook.com/KeepThemRolling/
http://bigbandleeuwarden.nl/nieuws/optreden-6-mei-2017
http://www.nieuwedockumercourant.nl/nieuws/55537/route-bevrijdingscolonne-6-mei-door-noordoost-friesland/
- Presintaasje fan de stichting Erfgoed Fundaasje. Dizze stichting set har yn foar kennis fan ‘e skiednis fan arbeiders en boeren. Sneon 6 maaie fan 13.30 oant 17.00 oere yn de tsjerke fan Ingelum.
www.erfgoed-fundaasje.nl
- Teätergroep Atol spilet de lokaasjefoarstelling ‘Bêste snie’. Spyldata binne: 5, 6, 11, 12, 13, 18, 19 en 20 maaie oan de Slotwei 19 yn Sint-Nyk.
www.teatergroepatol.nl
www.facebook.com/Teatergroep-ATOL-1475952732709303/

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan singer/songwriter Murk Aukema. Hy treedt sneon 6 maaie op yn restaurant ’t Lagerhuis yn Wolvegea en hy fertelt oer syn nije CD dy’t ynkoarten útkomt.
www.murkaukema.com
- Ta gelegenheid fan de 65ste jierdei fan keunstner Anne Woudwijk, is yn galery Jan Reinder Adema yn Damwâld in eksposysje fan syn wurk te sjen mei tekeningen en bylden. Iepeningstiden: op freed 5, 12, 19 en 26 maaie en op sneon 6, 13, 20 en 27 maaie fan 13.30 oant 17.00 oere en op ôfspraak.
www.janreinderadema.nl
www.annewoudwijk.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Edouard van de Velde. Hy treedt snein 7 maaie om 15.00 oere op yn de Ioannis Teätertsjerke yn Wier.
www.ioannistheatertsjerkewier.nl
www.edouardvdv.com/
- Fan sneon 6 maaie ôf kin der stimd wurde op de klassike Top 25, dy’t gearstald is troch it Nederlands Blazers Ensemble. Op 3 juny wurdt yn Op & Ut op it Oranjewoud Festival, de nûmer 1 bekend makke.
www.omropfryslan.nl/oranjewoudfestival
www.oranjewoudfestival.nl
- It Hardorff oargel yn ‘e St. Margryttsjerke yn Easterlittens bestiet 150 jier. Der steane ferskillende jubileumaktiviteiten op it programma, û.o. in konsert troch it manljuskoar Edoza út Snits op freed 12 maaie en in oargelkonsert troch Sander van Marion op freed 7 july.
www.lankmeamert.nl/activiteiten
- De dielnimmers Marit Ellen Windstra en Lisanne Dijk fan de rige ‘Ik bin benijd’ fertelle oer har ûnderfiningen by it konsert ‘Delta’ fan de band Wiebe, de mummys yn ‘e tsjerke fan Wiuwert, de eksposysje ‘Sexy ceramics’ yn it Princessehof yn Ljouwert en de ‘geocacheroute’ by de Fryske wetterliny del.
www.omropfryslan.nl/programma/ik-bin-benijd
http://wiebe.nu/
www.britswert.nl/index.php/wiuwert/mummies
www.princessehof.nl
www.friesewaterlinie.nl/geo-caching/

Ynterview en optreden Edouard van de Velde

09:16 - Andrews Sisters - Boogie Woogie Bugle Boy
09:34 - Nick Kamen - Each Time You Break My Heart
09:47 - Maroon 5 Ft. Future - Cold
10:25 - Cher - Gypsys Tramps & Thieves
10:34 - Niall Horan - This Town
11:23 - Dua Lipa - Be The One
11:34 - Zayn & Taylor Swift - I Don't Wanna Live Forever

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)