Op & Ut fan 5 augustus 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it SKS skûtsjesilen, oer de kattefilm ‘Kedi’ by Sliekerfilm yn Ljouwert en oer de iepenloft swimbaden op ‘e Himrik en op ‘e Tynje.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Yn St. Anne is sneon fan 11.00-17.00 oere de Biltske Rembrandtmerk. De Stichting Bildts Aigene stiet hjir mei in yntekenlist foar it boek ‘Worre, weze, weest’ oer de Biltske dichter Arjen Dijkstra. It boek komt ein oktober út.
    www.rembrandtmarkt.nl
    www.bildtsaigene.nl
    - Yn ferbân mei de iepening fan de Fryske Tsjerkepaed Route wurdt op sneon 5 augustus om 14.00 oere in betinkingsbijienkomst hâlden yn it ‘Tsjerkje fan Skuorregea’ oan ‘e Tsjerkeleane 3 yn Jobbegea. Dit ta neitins oan Cornelia de Jong. Tagelyk is ek de presintaasje fan in boekje oer ‘Tante Kee’, dat gearstald is troch it Dokumintaasjesintrum Jobbegea, Skuorregea, Hoarnstersweach.
    It tsjerkje is o/m 26 augustus alle sneontemiddeis iepen fan 14.00-17.00 oere.
    www.aldefrysketsjerken.nl/c/Agenda/saft-schurega%7Cf6a6023c-5592-4367-8f...
    www.historischinformatiepuntheerenveen.nl/over-ons/hip-jubbega/
    www.tsjerkepaad.nl
    - SKS skûtsjesilen. Fan 5 o/m 18 augustus.
    www.skutsjesilen.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Kayak Tjongertours, dat har basis hat yn Dolsterhuzen, fersoarget kanotochten yn ‘e omkriten fan de Tjongervallei mei ferskillende opstapplakken.
    www.kayaktjongertours.nl
    - By hotel-kafee ’t Dûke-Lûk yn Feanwâldsterwâl wurde kano’s, sups en lúster/motorboaten ferhierd.
    www.dukeluk.nl
    - De popband Katie Koss, winner fan de Kleine Prijs van Fryslân 2017, treedt snein 6 augustus op op it Feanhoop Festival. Om 15.30 oere.
    www.veenhoopfestival.frl
    www.katiekoss.nl
    www.kleineprijsvanfryslan.nl
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - De Stichting Appassionata bringt yn augustus wer in rige ‘Zomerse Zondagmiddag Concerten’. Op 6, 13, 20 en 27 augustus, alle kearen om 15.00 oere yn de Fermanje yn Ljouwert.
    www.appassionata-leeuwarden.nl
    - De iepenloft swimbaden op ‘e Himrik en en op ‘e Tynje binne beide yn ‘e 30-er jierren fan ‘e foarige iuw boud, besteane beide noch en binne ek noch allebeide gloarfrij.
    www.dehimrik.nl/zwembad/
    http://zwembad.weebly.com/
    - By Sliekerfilm yn Louwert is in foarpremjêre fan de film ‘Kedi’, in dokumintêre oer katten yn Istanboel. Tiisdei 8 augustus om 20.00 oere.
    www.sliekerfilm.nl
    - Yn Ljouwert kin op ‘e sneonen 5 en 12 augustus dielnommen wurde oan de nije Anna van Hannoverkuier. Gids is de Nassau-kenner Bearn Bilker. Startplak is de Grutte tsjerke yn Ljouwert om 13.30 oere.
    www.historischcentrumleeuwarden.nl

    09:04 - Wang Chung - Dance Hall Days
    09:18 - Calvin Harris Ft. Various Artist - Feels
    09:35 - Grytz & Grize - Bliuw By My
    09:45 - Westlife - World Of Our Own
    09:54 - London Beat - You Bring On The Sun
    10:04 - Gibson Brothers - Non Stop Dance
    10:12 - Miley Cyrus - Malibu
    10:24 - Depeche Mode - Enjoy The Silence
    10:35 - Die Twa - Tiden Binne Tiden
    10:46 - Denis Azor - Ala Li La (Sega)
    11:06 - Rihanna Ft. Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
    11:16 - Abel - Neem Me Mee
    11:36 - Armin Van Buuren - Sunny Days
    11:46 - Wim Sonneveld - De Kat Van Ome Willem
    11:54 - Abba - Dancing Queen

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)