Op & Ut fan 30 septimber 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Roelof Lousma praat mei syn gasten ûnder oare oer it iepenloftspektakel ‘Berkoop vol Vuur’, oer in benefytdei foar muzykferiening OpMaat yn Berltsum en oer iepen dagen by bunker Koehoal yn Tsjommearum.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Iepenloftspektakel ‘Berkoop vol Vuur’. 3 o/m 8 okt. yn Aldeberkeap.
    www.berkoopvolvuur.nl
    www.facebook.com/berkoopvolvuur/
    - Iepen dagen fan Bunker Koehoal yn Tsjommearum. Sneon 30 septimber en snein 1 oktober fan 11.00-17.00 oere.
    www.bunkerkoehoal.nl
    - ‘De Aardappeltelers, theater aan tafel met...’ mei Jacques d’Ancona en Wiggele Wouda yn de Lawei yn Drachten. Fan oktober ôf, alle 1ste tongersdeis fan ‘e moanne om 19.00 oere.
    www.lawei.nl
    - Utfierings fan ‘Jacques J. de musical’ yn de Stedsskouburch yn Grins. Fan 3 o/m 7 jann. 2018.
    www.goov.nl/jacques-j/

    2e oere (10.00-11.00)
    - Fryske teaterfoarstelling De Grins fan de st. Breinroer.
    www.facebook.com/degrensdegrins
    www.weidum.eu/aginda/de-grins-de-grens-tryout-06-10-2017.html
    - 1ste edysje fan it Fryslân Photo Festival dat fan 5 o/m 29 oktober hâlden wurdt op ferskillende lokaasjes yn Ljouwert.
    www.fryslanphoto.com
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Lêzing ‘Shift happens, deal with it!’ yn de Harmonie yn Ljouwert. Tongersdei 5 oktober om 19.45 oere. Organisaasje: Lionsklub Leowardia.
    www.harmonie.nl
    https://leeuwardenleowardia.lions.nl/
    - Fan 6 oktober ôf wurdt der alle freedtemiddeis in Mata Hari-toer hâlden troch Ljouwert. Fan 13.15 oere ôf by it Histoarysk Sintrum Ljouwert. En op snein 8 oktober is der in lêzing oer ‘Beeldvorming rond Mata Hari’ en ek wurdt dan it boekje ‘Sporen van Mata Hari’ presintearre.
    www.historischcentrumleeuwarden.nl
    - Muzykferiening OpMaat út Berltsum hâldt in benefytdei yn ferbân mei de brân fan july lêstlyn. Sneon 30 septimber fan 09.00 oere ôf.
    www.opmaatberltsum.nl
    - Reprise útfierings fan de nachtsuite ‘Skaad oer ’t Waad’. Sneon 30 septimber om 20.00 oere yn de Broeretsjerke yn Boalsert en sneon 7 okt. om 20.00 oere yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum.
    www.wereldkoor-dekoor.nl
    www.remolino.nl

    09:04 - Fleetwood Mac - As Long As You Follow
    09:18 - Script - Rain
    09:36 - Jaap Louwes - Hup Supengroattenbrij
    09:45 - Krezip - Sweet Goodbyes
    10:05 - Peter Gabriel - Solsbury Hill
    10:18 - Miley Cyrus - Malibu
    10:37 - Die Twa - Te Fier Fan Dy
    10:48 - Juanes - A Dios Le Pido
    11:05 - Adele - Water Under The Bridge
    11:16 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
    11:35 - Chef Special - Try Again
    11:44 - Gurbe Douwstra - Gek Op Dy

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)