Op & Ut fan 3 juny 2017 09:00

    Yn Op & Ut komt diskear streekrjocht fan it Oranjewoud Festival ôf. Presintator Douwe Heeringa praat mei artistyk lieder Yoram Ish-Hurwitz en mei tal fan oare oanwêzigen op it festival.

    Fierder docht Miranda Werkman live ferslach fan it festival terrein ôf en fansels binne de fêste gasten Jacob Bijlsma, Klaas Piekstra en Piet Paulusma ek oanwêzich.

    De live muzyk wurdt fersoarge troch de band VanDryver en troch pianist Rembrandt Frerichs en sopraan Klaartje van Veldhoven.

    Allegear live út de ‘Proeftuin’ fan it Oranjewoud Festival wei. De ‘Proeftuin’ is fergees foar elts tagonklik!.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Jacob Bijlsma mei nijs út de natuer
    - Petear mei freonen fan it Oranjewoud Festival dy’t dêr op dat stuit oan it moarnsbrochje sitte en ynterview mei Yoram Ish-Hurwitz, de artistyk lieder fan it Oranjewoud Festival
    www.oranjewoudfestival.nl
    www.omropfryslan.nl/oranjewoudfestival
    - Miranda Werkman docht live ferslach op it festival terrein fan it Oranjewoud Festival
    - Pieter Jan Struik fan Ateliers Majeur fertelt oer harren gearwurking mei it Oranjewoud Festival op it mêd fan edukaasje. En dit jier wurkje se ek mei oan in partisipaasje-projekt rûn ferstannelik beheinden.
    www.ateliersmajeur.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Pianist Rembrandt Frerichs fersoarget 2 optredens yn Op & Ut en fertelt oer syn trio en syn avontuer yn Museum Belvédère yn Oranjewâld dêr’t se ymproviseare sille op ‘e skilderijen. Hy treedt 2 kear op op it Oranjewoud Festival: op snein 4 juny om 13.00 oere yn De Proeftuin en op Pinkstermoandei 5 juny om 11.30 oere yn Museum Belvédère.
    www.rembrandtfrerichs.nl/
    www.oranjewoudfestival.nl/nl/artiest/rembrandt-frerichs-piano
    - Miranda Werkman docht live ferslach op it festival terrein fan it Oranjewoud Festival
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Ynterview/optreden fan de band VanDryver. Dizze band treedt fierder 2 kear op op it Oranjewoudfestival: sneon 3 juny om 12.00 en om 14.00 oere yn de Proeftuin.
    https://vandryver.bandcamp.com/
    https://oranjewoudfestival.nl/nl/de-proeftuin
    - Peppie Wiersma, artistyk lieder fan LUDWIG (= artistike partner fan Oranjewoud Festival) oer har bysûndere konserten lyk as bygelyks de Zingende Zonderling yn de Eko-kathedraal (snein 4 juny om 13.00 oere) of it sinne-opgong konsert mei Lucie Horsch (Pinkstermoandei 5 juny om 05.00 oere by Museum Belvédère.
    www.ludwiglive.nl
    www.luciehorsch.nl/
    https://www.oranjewoudfestival.nl/nl/artiest/lucie-horsch
    https://www.oranjewoudfestival.nl/nl/programmaonderdeel/de-zingende-zond...
    - Miranda Werkman docht live ferslach op it festival terrein fan it Oranjewoud Festival
    - Bekendmakking fan de nûmer ien fan de klassike top 25
    - Slotpetear mei Yoram Ish-Hurwitz en Franca Klaus oer de hichtepunten op it Oranjewoud Festival lyk as Trio Wanderer, Drumming, de Nacht van het Park, it Nederlands Blazers Ensemble ensafuorthinne.
    www.oranjewoudfestival.nl

    09:14 - Supertramp - It's Raining Again
    09:33 - Tet Rozendal - Bern Fan 'e Walden
    09:43 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
    09:52 - Melanie C - On The Horizon
    10:35 - Die Twa - Tiden Binne Tiden
    11:35 - Years & Years - King
    11:44 - London Philharmonic Orchestra & - Romeo And Juliet Op. 64 - Highlights

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)