Op & Ut fan 29 july 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de foto-útstalling ‘Treinen in de nacht’ yn Snits, oer it Escape Room Plaza op ‘e Gordyk en oer syltochten mei de boeier ‘Tjet Rixt’, it âldste noch farrende skip fan Europa.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Yn Aldeberkeap is de 46ste edysje fan de keunstrûte ‘Open Stal’. Fan 29 july o/m 27 augustus. Tema is dit jier: ‘Van Nature’.
    www.openstal.nl
    - ‘Friese Brocanteroute’. Op ‘e lêste sneon fan ‘e moanne binne alle winkels van de ‘Friese Brocanteroute’ yn alle gefallen iepen fan 10.00 oant 17.00 oere (útsein Yn ‘e Steeg yn Easterwierrum. Yn ‘e Steeg is iepen fan 13.00-17.00 oere).
    www.friesebrocanteroute.nl
    - Escape Room Plaza op ‘e Gordyk.
    http://escaperoomplazagorredijk.nl/

    2e oere (10.00-11.00)
    - In part fan it Nationaal Modelspoor Museum yn Snits wurdt de hiele moanne augustus omtovere ta in boartersparadys foar bern. Der kin boarte wurde mei mear as 100 houten treinen, wagons en brêgen. Boppedat is de foto-útstalling ‘Treinen in de nacht’ dy’t yn it museum te sjen is, ferlingd o/m 30 septimber.
    http://modelspoormuseum.nl/kinderspeelparadijs-station-sneek/
    http://www.kidsproject.nl/
    http://modelspoormuseum.nl/unieke-fototentoonstelling-treinen-nacht/
    - Museum ’t Kiekhuus yn Wolvegea is alle earste sneintemiddeis fan ‘e moanne iepen en fierder op ôfspraak.
    https://www.kiekhuus.nl/
    - Sammelmuseum Poppenwier, mei in samling âlde typemasjines en in Agfa/Gevaert samling, is iepen fan maaie oant oktober op freed fan 13.30-17.00 oere en op sneon en snein fan 13.00-17.00 oere.
    www.verzamelmuseumpoppenwier.com/
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Foarsitter Bas Hut fan it Pasveer Korps út Ljouwert docht ferslach fan harren optreden op it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade.
    www.wmc.nl/live
    www.korpsmuziek.nl
    www.pasveer.nl
    - Alle sneintemiddeis yn july en augustus kin der út Terherne wei in tocht makke wurde mei de boeier ‘Tjet Rixt’, it âldste noch farrende skip fan Europa. It skip is eigendom fan it Zuiderzeemuseum en yn behear by Varend Friesland yn Terherne. Fierder kinne der û.o. ek tochten makke wurde mei de klassike motorboat ‘De Bodensee’.
    www.varendfriesland.nl
    - Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
    * '111 x keunst op syn Frysk'. Museum Belvédère, Heerenveen-Oranjewoud, 2017. www.museumbelvedere.nl
    * Marten Toonder, 'Tim McNab zoekt kopij'. Uitgeverij Personalia, Leens 2017 www.uitgeverijpersonalia.nl
    * Marie Darrieussecq, 'Hier zijn is heerlijk. Het leven van kunstschilder Paula Modersohn-Becker'. Uitgeverij De Arbeiderspers, Amsterdam 2017.
    www.arbeiderspers.nl
    www.ernstbruinsma.nl
    - De hiele simmer is yn de heemtún achter it besikerssintrum Mar & Klif yn Aldemarrum in eksposysje te sjen mei genêskrêftige planten. In protte fan dizze planten ha in bysûnder ferhaal.
    www.marenklif.nl/nieuw-in-de-heemtuin-planten-met-een-verhaal/

    09:05 - Katrina & The Waves - Walking On Sunshine
    09:17 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
    09:35 - Gerbrich Van Dekken - Dimjen Fan De Dei
    09:45 - Robbie Williams - Have You Met Miss Jones
    09:55 - Right Said Fred - Deeply Dippy
    10:05 - Wind Earth & Fire - Boogie Wonderland
    10:16 - Ed Sheeran - Shape Of You
    10:35 - Hermien Swart - Fiel De Wyn
    10:48 - Klangkarussel - Sonnentanz
    11:06 - Dotan - Home
    11:16 - Justin Bieber - Love Yourself
    11:26 - Feetwarmers - Smoor Op Dy
    11:36 - Circus Custers - Verliefd
    11:48 - Lucas & Steve - Up Till Dawn

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)