Op & Ut fan 28 oktober 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de foarstelling ‘Vrouwenpraat’ fan st. De Blaue Toer, oer in lêzing fan arabist en skriuwer Maarten Zeegers yn Drachten en oer de eksposysje ‘Birthday’ fan de Belgyske fotografe en sjoernaliste Lieve Blancquaert.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Eksposysje ‘Birthday’ fan de Belgyske fotografe en sjoernaliste Lieve Blancquaert. Fan 28 okt. o/m 1 april 2018 yn it Karmelkleaster yn Drachten.
www.karmelklooster.nl
www.lieveblancquaert.be
- Choreograaf en artistyk direkteur Ted Brandsen en dramaturge Janine Brogt fan it Nationale Ballet jouwe in lêzing oer de balletfoarstelling ‘Mata Hari’ dy’t oant 3 novimber yn Nationale Opera & Ballet yn Amsterdam opfierd wurdt. De lêzing is sneon 28 oktober om 13.30 oere yn it Fries Museum yn Ljouwert.
www.friesmuseum.nl
www.operaballet.nl
www.facebook.com/hetnationaleballet
- ‘Weekend van de Leeuwarder Geschiedenis’. 27, 28 en 29 oktober op ferskillende lokaasjes.
www.historischcentrumleeuwarden.nl
www.aedlevwerd.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Foarstelling ‘Vrouwenpraat’ fan de st. De Blaue Toer.
www.blauetoer.com
- Amelân stiet yn novimber wer yn it teken fan ‘e keunst mei ‘Kunstmaand Ameland’
www.kunstmaandameland.com
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- ‘Robotica’ is yn novimber it tema fan de bibleteekkampanje ‘Nederland Leest’. De Fryske bibleteken hawwe yn it ramt fan ‘Nederland Leest’ ek wer fan alles organisearre. Fan in roboticamerk oant lêzings troch bygelyks Ben van den Burg en Ronald Giphart.
www.sbmf.nl
www.bibliothekenmarenfean.nl
www.bibliotheekdrachten.nl
www.ontdekdebieb.nl
www.bzof.nl
- Cees Houtman (91 jr.) wie 70 jier wurksum as kapper yn Harns. Hy fertelt yn Op & Ut oer syn fak en hy is snein 29 oktober oanwêzich op ‘e lêste dei fan de útstalling ‘Kijk Haar!’ yn it Hannemahûs yn Harns.
www.hannemahuis.nl
- Première fan ‘Polle de Orgeljongen’. Tongersdei 2 novimber om 10.30 oere yn de Grutte Tsjerke yn Harns. It giet om in skoallefoarstelling foar learlingen fan de Harnser basisskoallen, mar ek oare belangstellenden binne wolkom.
www.opverhaal.nl/category/voorstellingen-kinderen/
www.eeuwezijlstra.nl
- Arabist en skriuwer Maarten Zeegers jout in lêzing oer syn boek ‘Ik was een van hen’. Foar dit boek gie hy 3 jier lang undercover as Moslim. Tiisdei 31 oktober om 19.30 oere yn ‘e bibleteek yn Drachten.
www.bibliotheekdrachten.nl
www.maartenzeegers.com

09:05 - Miley Cyrus - Malibu
09:16 - Melee - Built To Last
09:28 - John Waite - Missing You
09:38 - Ernst Langhout - Ruzjend Yn 'e Wyn
09:47 - Fleetwood Mac - Don't Stop
10:06 - Marvin Gaye & Kim Weston - It Takes Two
10:16 - Script - Rain
10:35 - Conny Stuart - Wat Voor Weer?
10:46 - Sam Hunt - Take Your Time
10:51 - George Michael & Elton John - Don't Let The Sun Go Down On Me
11:06 - Alanis Morissette - You Learn
11:18 - Charlie Puth Ft. Meghan Trainor - Marvin Gaye
11:42 - Jan Tekstra - Fan My

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)