Op & Ut fan 28 maaie 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Gurbe Douwstra praat mei syn gasten ûnder mear it Fries Straatfestival, de 1e thúswedstryd fan Cricket Club Friesland, it muzykfestival Tryn’s Rock en de eksposysje ‘Heit fan Us Mem’.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens fan de band Mundo Park en it duo Jack Bottleneck en Johan Keus.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer
- Lokaasje-teaterfoarstelling KO-Operaasje fan BoemTheater by De Hammerslag yn Westergeast. 27 en 28 maaie en 3 en 4 juny om 19.30 oere.
www.ko-operaasje.nl
- Konsertprogramma fan Swingsoos yn Grand Café De Hildenberg yn Appelskea
www.swingsoos.nl
- Cricket Club Friesland spilet snein 29 maaie har 1ste thúswedstryd fan dit seizoen op de nije lokaasje op de Magere Weide by LAC Frisia.
www.cricketclubfriesland.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Fries Straatfestival yn Ljouwert. 27 o/m 29 maaie.
www.fries-straatfestival.nl
- Eksposysje ‘Heit fan Ús Mem’ mei wurk fan de skilder en byldhouwer G.J. Adema. Fan 4 juny o/m 25 septimber 2016 yn Tresoar yn Ljouwert, it Pier Pander Museum yn Ljouwert en it Frysk Lânboumusum yn Earnewâld.
www.tresoar.nl
www.pierpander.nl
www.frieslandbouwmuseum.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Muzykfestival Tryn’s Rock op it iisbaanterrein yn Gytsjerk. Sneon 28 maaie om 14.00 oere.
www.trynsrock.nl
- Iepenloftspul ‘Spetters’ fan de st. Iepenloft de Tynje.
www.iepenloft.frl
- Iepenloftspul Opsterlân: ‘Lang en lokkich’.
www.iepenloft-opsterlan.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma:
* Reitze Jonkman en Arjen Versloot, 'Fryslân, lân fan talen'. Afûk, Ljouwert 2016. (Boek fan de Moanne) www.afuk.nl
* Graham Swift, 'Moeders zondag'. Hollands Diep, Amsterdam 2016. www.hollandsdiep.nl
* Tom Lanoye, 'Revue Lanoye. Filipica (polemische replieken)'. Prometheus, Amsterdam 2016. www.uitgeverijprometheus.nl
www.ernstbruinsma.nl
- Toanielferiening ‘De Vriendekring Idaerd, Eagum en It Hoflân’ fiert har 150-jierrich bestean mei û.o. lokaasjeteater. Sneon 11 juny fan 12.30 oant 17.00 oere. Kaarten allinnich yn ‘e foarferkeap oant 8 juny. Yn Reduzum by kofjehûs de Blauwe Tent, slagter Sixma en kapsalon It Kaphûs en yn Idaerd by: harmien Scholten, till.nr. 0566 – 621 771 of h.n.scholten@hetnet.nl
www.idaerd.com

09:16 - Sniff 'n' The Tears - Driver's Seat
09:27 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
09:33 - Youssou N'dour & Neneh Cerry - 7 Seconds
09:44 - Common Linnets - Calm After The Storm
10:27 - Whitney Houston - My Love Is Your Love
10:33 - Jess Glynne - Ain't Got Far To Go
11:27 - Tambourine - High Under The Moon
11:33 - Dua Lipa - Be The One
Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)