Op & Ut fan 27 maaie 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de 1ste edysje fan MakkumArt, oer de nije programma’s fan De Lawei en Theater Sneek en oer de produksje ‘De Faam de Baas’ en de ferhalen dy’t hjir by socht wurde.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.

Fierder binne der live optredens fan Wiep van der Meulen (kontrabas), Jildert Holtrop (gitaar) en Anna Siet Algra (sang) yn it ramt fan it Bigbandfestival op It Hearrenfean, fan de band Wiebe yn ferbân mei it slotkonsert fan har teatertoer ‘Delta’ en fan it R&G Tango Duo (Robin El- Hage op piano en Gustavo Cabrera op fioele) fanwegen harren optreden yn de Selatúnen yn Appelskea.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Jacob Bijlsma mei nijs út de natuer
- Bigbandfestival op it Gemeenteplein op It Hearrenfean. Sneon 27 maaie fan 13.00 oant 19.00 oere.
www.facebook.com/bigbandheerenveen/
www.bigbandheerenveen.nl
- Auteur Lucas Zandberg fertelt oer syn nije roman 'De rendementsdenker', in ûnderwiissatire.
www.lucaszandberg.nl
www.singeluitgeverijen.nl/de-arbeiderspers/boek/de-rendementsdenker/
- Coopmanshûskonsert troch Markus Placci op fioele en Burkhard Maiss op altfioele. Snein 28 maaie om 16.00 oere yn de Walburgatsjerke yn Ried.
www.coopmanshus.nl

2e oere (10.00-11.00)
- De band Wiebe spilet op 27 maaie it lêste teaterkonsert fan har toer ‘Delta’. Om 20.30 oere yn de tsjerke fan Jorwert.
www.wiebe.nu
- Fan 2 o/m 4 juny is de 1ste edysje fan MakkumArt, in keunst-wykein yn it sintrum fan Makkum en op De Holle Poarte.
www.MakkumArt.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Konsert troch it R&G Tango Duo, besteande út Robin El- Hage op piano en Gustavo Cabrera op fioele. Snein 28 maaie om 14.00 oere yn de Selatúnen yn Appelskea.
www.selatuinen.nl
www.facebook.com/RG-Tango-Duo-414311392251488/
http://rgtangoduo.wixsite.com/netherlandstango
- De nije programma’s foar it teater-seizoen 2017/2018 wurde wer bekend makke. Yn Op & Ut omtinken foar de nije programma’s fan De Lawei yn Drachten en Theater Sneek yn Snits. Fierder ek omtinken foar it ôfskied fan teater-direkteur Ben van der Knaap fan Theater Sneek.
www.lawei.nl
http://culdy.nl/drachten/delawei/
www.theatersneek.nl
https://issuu.com/theatersneek/docs/web_16086_brochurecks_lr
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
* Hein Jaap Hilarides, De trekker van Troje. Bornmeer, De Gerdyk 2017.
www.bornmeer.nl
* Manu van der Aa, Tatave! Paul-Gustave van Hecke. Kunstpaus, modekoning, salonsocialist. Lannoo, Tielts 2017.
www.lannoo.be/nl
* Marjolein van Heemstra, En we noemen hem. DasMag, Amsterdam 2017.
https://dasmag.nl/
www.ernstbruinsma.nl
- De stichting OperY bringt yn septimber/oktober 2017 de produksje ‘De Faam de Baas!’. Dit is in Frysk-Nederlânske oersetting fan de koarte, komyske opera La Serva Padrona fan Pergolesi. It giet oer in tsjinstfaam dy’t graach de baas spylje wol. De produksje sil fan septimber ôf op ferskillende lokaasjes yn Fryslân te sjen wêze. Foar dizze foarstelling wurde ferhalen sammele fan froulju dy’t eartiids as faam yn tsjinst wiene by heareboeren en adellike famyljes. Reaksjes kinne stjoerd wurde nei: info@elizabethkooy.nl
www.opery.nl

09:23 - Zouk Machine - Maldon
09:35 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
10:34 - Chris Norman & Suzi Quatro - Stumblin' In
11:24 - Stromae - Formidable

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)