Op & Ut fan 26 augustus 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer Brommels! (in twa dagen duorjend toarnbeiefeest), it boek ‘Verborgen Zee Aanzichten’ oer belibenissen op in skip, yn ‘e see en oan de kust en it Wilde Wiven Festival, in spiritueel festival foar froulju.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra mei tips foar de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:
1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- De keunst- en kultuerrûte Paradepaadje troch Littenseradiel is nije wike freed fan 11:00 oere ôf iepen. Petra Dijkstra fertelt deroer
www.paradepaadje.nl
- De premjêre fan 'It wûnderlike foarfal mei de hûn is jûn'
www.iepenloftspuljorwert.nl
- Hjoed set Brommels! útein, it twa dagen duorjend toarnbeiefeest yn de Wâlden
www.brommelsfestijn.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Ate de Jong en Wiep van Wieren fertelle oer de bysûndere jûn mei en oer de fjouwer keatsbruorren Van Wieren, 'De Fjouwer fan Wierens, noch ien kear yn 'e krite'
-Jaap de Jong praat mei Douwe oer syn bysûndere boek 'Verborgen Zee Aanzichten'
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Selliste Dana de Vries komt mei har sello nei de studio om it oer har rige simmerkonserten te hawwen
http://en.danadevries.com/
- Jan van der Meer oer Tsjerkepaad dat dit jier wer nei Dútslan giet foar de Kirchturmtour
www.facebook.com/Tsjerkepaad-997333750317772
- Yn Fabriek Ried is in nije eksposysje. Jo hearre der mear oer fan eigener Dick Wolters
www.fabriekried.nl
- Takom wykein is der in bysûnder festival foar froulju yn Hieslum, it spirituele 'Wilde Wiven Festival'.
www.hetwildewijf.nl

Selliste Dana de Vries oer har rige simmerkonserten

  • Selliste Dana de Vries oer har rige simmerkonserten

Brommels

  • OPUT_Brommels

Hjoed set Brommels! útein, it twa dagen duorjend toarnbeiefeest yn de Wâlden.

De túnrubryk fan Johan de Jong

  • De túnrubryk fan Johan de Jong

09:04 - Dexy's Midnight Runners - Come On Eileen
09:17 - Imagine Dragons - Thunder
09:21 - Gurbe Douwstra - Thus
09:32 - Colbie Caillat - The Little Things
09:39 - Dulce Pontes - Cancao Do Mar
09:54 - Family Of The Year - Hero
09:57 - Patricia Kaas - Une Fille De L'est (Live)
10:04 - Chi Coltrane - Go Like Elijah
10:16 - Armin Van Buuren - Sunny Days
10:33 - Joke Bruys - En Altijd Komen Er Schepen
10:44 - La Bionda - One For You, One For Me
10:52 - Agnes Sambrink - Fielt Sa Goed (Bukemantsje)


11:05 - Ellie Goulding - Still Falling For You
11:34 - Circus Custers - Louise
11:44 - Souldada - Blau Fan Dagen

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)