Op & Ut fan 25 novimber 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer in diskúsjejûn oer de Katalaanske situaasje, oer de dûnsfoarstelling ‘Wachten op visite’ en oer in iepen atelier mei dichters en muzikanten/songwriters.
    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
    En der wurde live optredens fersoarge troch Jan-Dirk van Ravesteijn en Ella de Jong (as ‘Anna en Us Heit’), troch it selskip Blikstiender fan ‘e Lemmer, troch pianst Frans Douwe Slot en troch kabaretier Arno van der Heijden.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Teatertoer foarstelling ‘Anna & Us Heit’. Is 5 jier lyn ek opfierd en is fan sneon 25 novimber ôf wer op ferskillende lokaasjes te sjen. U.o. sneon 25 novimber om 20.00 oere yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer.
    www.annaenusheit.nl
    - Yn it ferlingde fan boppesteande foarstelling is yn ‘De Vier Pelikanen’ yn Ljouwert de foto-útstalling ‘Leeuwarden Lonkt’ te sjen mei foto’s fan Maartje Roos (û.o. fan Us Heit).
    O/m 28 jannewaris 2018.
    www.devierpelikanen.nl
    www.roosphotography.nl
    - ‘Kataloanië Tichtby’, lêzing- en diskúsjejûn oer de Katalaanske situaasje. Moandei 27 novimber om 19.30 oere yn it gebou fan Tryater oan de Eastersingel 70 yn Ljouwert. Opjaan fia ebit@fryske-akademy.nl
    www.eblt.nl
    - Liet hâldt in iepen atelier mei dichters en muzikanten/songwriters. Publyk kin it proses fan it skriuwen fan in liet live folgje. Snein 26 novimber om 14.00 oere yn De Friesche Club oan it Ruiterskwartier 57 yn Ljouwert.
    http://liet.nl/nieuws/dichter-skriuwt-liet

    2e oere (10.00-11.00)
    - It selskip Blikstiender fan ‘e Lemmer spilet ‘Fryslân Heite’. Foar ynformaasje en boekingen kin kontakt socht wurde mei: Jaap Frankema, till.nr. 0514 – 56 44 21 / 06 –
    83 99 83 57 of e-mail: blikstiender@ziggo.nl
    - Kanselarij konsert troch de talintenklasse fan Frans Douwe Slot. Snein 26 novimber om 16.00 oere yn de Hofseal fan de Kanselarij yn Ljouwert.
    www.artconnectionexpo.nl/museumconcerten
    www.fransdouweslot.com
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Arno van der Heyden stiet mei syn programma ‘Heksenjacht’ yn It Maskelyn yn Hurdegaryp. Sneon 25 novimber om 20.00 oere.
    www.arnovanderheyden.nl
    www.itmaskelyn.nl
    - Yn stedsskouburch De Harmonie yn Ljouwert is op freed 1 desimber de premjêre fan ‘Wachten op Visite’, in dûnsfoarstelling oer iensumens. Om 20.00 oere.
    www.dedansdivisie.nl
    www.harmonie.nl
    - Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
    * Jean Echenoz, ‘De spionne’. Oerset troch Jan Pieter van der Sterre en Reintje Ghoos. De Geus, Amsterdam 2017.
    www.degeus.nl
    * Willem Schoorstra, ‘De nacht fan Mare’. Het nieuwe kanaal, Ljouwert 2017.
    www.hetnieuwekanaal.nl
    www.ernstbruinsma.nl
    - Toanielferiening Sizze en Dwaen spilet it stik ‘Lette Ropping’ fan Bouke Oldenhof. Freed 1 en sneon 2 desimber om 20.00 oere yn ‘e tsjerke fan Terwispel. Reserveare kin fia sizze.en.dwaen.terwispel@gmail.com
    www.terwispel.info/wp-content/uploads/2017/11/Lette-ropping.pdf

    Goffe Jensma oer de jûn 'Kataloanië Tichtby'

    • Goffe Jensma oer de jûn 'Kataloanië Tichtby'

    - ‘Kataloanië Tichtby’, lêzing- en diskúsjejûn oer de Katalaanske situaasje. Moandei 27 novimber om 19.30 oere yn it gebou fan Tryater oan de Eastersingel 70 yn Ljouwert. Opjaan fia ebit@fryske-akademy.nl

    09:06 - Portugal The Man - Feel It Still
    09:17 - Van Dik Hout - Dromendief
    09:48 - Hall & Oates - Adult Education
    10:05 - Erma Franklin - Piece Of My Heart
    10:25 - Niall Horan - Too Much To Ask
    10:37 - R. City Ft. Adam Levine - Locked Away
    11:06 - Janet Jackson - Together Again
    11:37 - Charlie Puth - Attention

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)