Op & Ut fan 25 maart 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it jubileum fan it Frysk Jeugd Orkest, oer de reprize fan de foarstelling ‘Skûlje yn Jorwert’ fan J&Mteaterwurk en oer de foarstelling ‘Een Javaanse L’Histoire Du Soldat’ fan it New European Ensemble.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.

Fierder binne der live optredens fan Chris Nicolai op hoarn, fan singer/songwriter Timo de Jong en fan Jankobus Seunnenga & Dick Vestdijk.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- It Frysk Jeugd Orkest fiert har 40-jierrich bestean mei in jubileumkonsert yn De Harmonie yn Ljouwert. Sneon 25 maart om 20.00 oere.
www.fryskjeugdorkest.nl
www.harmonie.nl
- Museumkonsert troch de Ferwerda Academie. Snein 26 maart om 16.00 oere yn it Fries Museum yn Ljouwert.
www.friesmuseum.nl
www.artconnectionexpo.nl
- Reprize ‘Skûlje yn Jorwert’ troch J&Mteaterwurk. Fan 7 april o/m 30 april yn Jorwert.
www.jmteaterwurk.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Singer/songwriter Timo de Jong fersoarget ‘Easy Listening’ edysje yn Grand Café fan Post-Plaza yn Ljouwert. Snein 26 maart 16.00 oere.
www.post-plaza.nl
www.revolutionagency.nl/easy-listening
www.facebook.com/timomuziek/
- Dûnsfoarstelling ‘Grenzeloos’ troch Let’s dance Europe. Freed 31 maart om 20.15 oere yn de Harmonie yn Ljouwert.
www.harmonie.nl
www.keunstwurk.nl
www.letsdanceeurope.eu
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra. Klaas makket ek bekend wa’t de winner is fan de komplete opknapbeurt fan ‘e tún. Is aksje dy’t hâlden wurdt yn it ramt fan de ‘Maitiidswike’ by Omrop Fryslân.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Jankobus Seunnenga & Dick Vestdijk. Dit yn it ramt fan it útkommen fan harren nije CD ‘Voor Het Land’.
www.jankobusseunnenga.nl
- Regisseur/choreograaf Gerard Mosterd fertelt oer de foarstelling ‘Een Javaanse L’Histoire Du Soldat’ fan it New European Ensemble. Dizze foarstelling is op 25 maart om 20.30 oere te sjen yn de Harmonie yn Ljouwert en op woansdei 26 april om 20.15 oere yn it Posthûsteater op It Hearrenfean.
www.neweuropeanensemble.com
www.harmonie.nl
www.posthuistheater.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
* Koos Dijksterhuis, ‘Eilandgevoel. Verhalen over de natuur van Schiermonnikoog’. Bornmeer, Gorredijk 2017.
www.bornmeer.nl
* 'Pykje Fjouwer'. Troch Lida Dijkstra, mei tekeningen fan Ina Hallemans. Afûk, Ljouwert 2017.
www.afuk.nl
* Stuart Evers, ‘Het zit in de familie. Verhalen’. Oerset troch Hester Tollenaar en Arthur Wevers. Podium, Amsterdam 2017.
www.uitgeverijpodium.nl
* Gjalt de Groot, ‘No komt it noch! Smoute ferhalen’. Bornmeer, Gorredijk 2017.
www.bornmeer.nl
www.ernstbruinsma.nl
- Regisseur Guy Weizman fertelt oer de foarstelling ‘Carrousel’ fan it Noord Nederlands Toneel. Is freed 31 maart te sjen yn de Lawei yn Drachten en snein 19 april yn De Harmonie yn Ljouwert.
www.nnt.nl
www.lawei.nl
www.harmonie.nl

Timo de Jong oer syn optreden snein yn it Grand Café fan Post-Plaza yn Ljouwert

Ytsje Hettinga, Pieter Otter en Grietine Molenbuur oer de foarstelling 'Grenzeloos' fan Let's dance Europe

Klaas Piekstra makket winner fan de túnopknapbeurt bekend

Live optreden van Jankobus Seunnenga & Dick Vestdijk

09:15 - Gerson Main - Ik Weet Niet Hoe
09:25 - Tambourine - High Under The Moon
09:35 - Ed Sheeran - Shape Of You
10:34 - Gerry Rafferty - Baker Street
11:24 - Wieteke Van Dort - Arm Den Haag
11:59 - Ruth Jacott - Vrede

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)