Op & Ut fan 25 juny 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer 3 ferskillende lokaasje-foarstellings, de ‘Dag van het Wad’ en it Sinnekear konsert yn Appelskea.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens fan Ebele en Hein Jaap Hilarides.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- ‘Dag van het Wad’. Snein 26 juny op ferskillende lokaasjes (sneon 25 juny binne der in tal aktiviteiten).
www.DagvanhetWad.nl
www.waddenzeel.nl
www.Waddenzeewerelderfgoed.nl
- Teatergroep De Paupers bringt fan 30 juny o/m 16 july har nije lokaasje-foarstelling ‘Kepler’. It stik wurdt spile op it eardere eilân Breewar yn de Warkumermar by Warkum.
www.depaupers.nl
- Sinnekear konsert yn iepenloftteater ‘De Koele’ yn Appelskea. Snein 26 juny om 15.00 oere.
www.gurbedouwstra.nl
www.hvappelscha.nl
http://www.debazuinoenkerk.nl/agenda

2e oere (10.00-11.00)
- Festival ‘Frysk op Riis’ yn de Teatertún yn Riis. Snein 26 juny om 16.00 oere.
www.fryskopriis.frl
- WIG producties is fan 29 juny o/m 10 july te sjen mei de lokaasje-foarstelling ‘De Bodemloze Put’. It stik wurdt opfierd yn de bosk fan Grikelân en Turkije by Stania State oan ‘e Rengerswei 98B yn Oentsjerk.
www.wigproducties.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Teatrale busreis ‘De pASsant’ troch it gebiet fan de Sintrale As. Fan 4 july o/m 15 july. Kaarten kinne reservearre wurde by De Lawei yn Drachten.
www.depassant.frl
www.lawei.nl
- Boeke-rubryk troch Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
* Hilda Talsma, 'Wyn fan de wierheid'. Elikser, Ljouwert 2016. (Boek fan de Moanne july/augustus) www.elikser.nl
* Jules Verne, 'In wrâld yn 80 dagen'. Utjouwerij Regaad, Grins 2016. www.regaad.nl
* 'Käthe Kollwitz. Getekend leven'. Museum Belvédère, Heerenveen-Oranjewoud 2016. www.museumbelvedere.nl (katalogus by de útstalling dy't oant 23 septimber rint)
www.ernstbruinsma.nl
- Presintaasje fan it boek ‘Kapitein Nero lééft'’ oer Douwe Bijlsma dy’t yn ‘e jierren ’50 bekend wie as boeienkening (‘Slappe Douwe’). Auteur Mila Heijmeriks fertelt oer it libben fan har legendaryske oerpake. Sneon 25 juny om 14.00 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
www.historischcentrumleeuwarden.nl

09:18 - Culture Club - Karma Chameleon
09:33 - Ronan Keating - When You Say Nothing At All
09:48 - Dnce - Cake By The Ocean
10:32 - Mr. Big - Wild World
11:25 - Sting - Love Is The Seventh Wave
Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)