Op & Ut fan 24 oktober 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de Dei fan de stilte, it nije programma fan Meeuw Jonge Theatermakers, en de keunstmoanne op it Amelân.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan de band Volk! út Grou en fan Inez Timmer.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer.
- Mantgum yn Bedriuw. De ûndernimmes fan Mantgum sette fannemiddei de doarren iepen.
- Snein is it de fiifde lanlike Dei fan de Stilte. Ek yn Fryslân binne der aktiviteiten.
www.dagvandestilte.nl
- programma fan Podium Pingjum foar dit seizoen.
www.podiumpingjum.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Streekboermerk op plein Blokhúspoarte eltse sneontemoarn.
www.destreekboer.nl
- De band Volk! fertelt oer harren programma en docht live-optreden
https://www.facebook.com/debandvolk
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Inez Timmer en ynformaasje oer har nije programma "Op alle fronten".
www.ineztimmer.eu
- Meeuw Jonge Theatermakers bringe yn gearwurking mei it Historisch Centrum Leeuwarden it programma "Jong zijn in Leeuwarden" dat giet oer jong wêzen yn Ljouwert troch de ieuwen hinne.
www.meeuw-jts.nl
- 31 Oktober is de iepening fan de keunstmoanne op Amelân. Tema fan dit jier is "See fan ljocht". De Keunstmoanne rint oant en mei snein 29 novimber.
www.kunstmaandameland.com
- Folkert Wesseling docht in teatertoer yn in âlde bus fan it Nationaal Openbaar Vervoersmuseum.
www.folkertwesseling.nl en www.novmueseum.nl

09:20 - A-Ha - Take On Me
Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)