Op & Ut fan 24 juny 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de 3e edysje fan Bietpicknick yn Westhoek, oer de foarstellings by ‘Theater aan het Water’ yn Heech en oer de iepenloftspullen ‘De Omkearde Staking’, ‘Hea of Hout’ en ‘BAUCK!’.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún, Jan Jonkman oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Iepenloftspul ‘De Omkearde Staking’. Foarstellings binne op 30 juny, 1, 7 en 8 july om 20.30 oere en op 2 en 9 july om 15.00 oere. Lokaasje: it Wâldhúske oan de Skoallewyk 10 yn Houtigehage.
www.dorphoutigehage.nl
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017
- Stichting Beatnik hâldt de 3e edysje fan Bietpicknick. Snein 25 juny fan 12.00-19.00 oere oan ‘e Aldebildtdyk 1059 yn Westhoek.
http://bietpicknick.wixsite.com/beatnik
www.facebook.com/stichtingbeatnik/
- Boek ‘Verhalen en portretten uit Oost-Indische buurt’ fan Siska Alkema en Renate Huisman. Presintaasje: freed 23 juny yn kafee Cambuurbar, Insulindestrjitte 44-50 yn Ljouwert.
www.keunstwurk.nl/goenagoena
www.facebook.com/goenagoenaleeuwarden
www.noorderblik.nl/boekpresentatie-verhalen-portretten-oost-indische-buu...

2e oere (10.00-11.00)
- Keunst-eksposysje ‘Wetterwâlden’ yn De Skierstins yn Feanwâlden. Fan 24 juny o/m 3 septimber 2017. Iepeningstiden: ti. o/m snein fan 13.30-17.00 oere.
www.schierstins.nl
https://wetterwalden.wordpress.com/
- Iepenloftspul ‘Hea of Hout’. Spyldata: 30 juny, 1 en 8 july om 20.00 oere. Lokaasje: efter it doarpshûs oan De Fûgelsang yn Jonkerslân.
www.freonental.nl
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Jan Jonkman mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Jaap Mulder fan klezmerband Di Gojim fertelt oer har konserten fan dit wykein (sneon 24 juny om om 22.00 oere op it Wilhelminaplein yn Ljouwert en snein 25 juny om 15.30 oere yn ’t Haske op ‘e Jouwer) en oer har reis nei Roemenië yn july.
http://digojim.nl/index-nl.php?cmd=nieuws
http://cityproms.nl/festival/artiesten/di-gojim-friends
- Mariska Meijer fan ‘Theater aan het Water’ yn Heech oer de foarstellings dy’t hjir fan’t simmer te sjen binne. Sneon 24 juny komt Arno van der Heyden mei syn programma ‘Heksenjacht’. Om 20.30 oer by Tjotter jachtwerf Piersma, oan De Skatting 81 yn Heech.
Ek jout se ynformaasje oer de sloepentochten dy’t sy organisearje.
www.theateraanhetwater.nl
www.sloepentochtheeg.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
* 'De toverangel fan Ate' fan Jurjen van der Meer en Maaike van den Akker.
www.audiofrysk.nl
* In dieltsje út de Sweltsjerige 2017. In searje berneboekjes foar begjinnende lêzers. In útjefte fan Audiofrysk.nl en Cedin, mei titels fan Lida Dijkstra, Hanneke de Jong, Jurjen van der Meer, Jan Schotanus, Mindert Wijnstra en Anny de Jong.
* 'Een tuin in de winter. Herinneringen aan Gerrit Kouwenaar' fan Anna Enquist. De Arbeiderspers, Amsterdam 2017.
www.arbeiderspers.nl
* 'De middelste dag van het jaar' fan Maria Stahlie. Querido, Amsterdam 2017. www.querido.nl
www.ernstbruinsma.nl
- Iepenloftspul ‘BAUCK!’. Fan 30 july o/m 14 july. Lokaasje is it Hemmemapark yn Berltsum.
http://bauck.nl/
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017

09:17 - Marcia Hines - Your Love Still Brings Me To My Knees
09:34 - Ed Sheeran - Galway Girl
09:45 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
10:13 - Stealer's Wheel - Everything Will Turn Out Fine
10:24 - Chef Special - Try Again
10:36 - Gurbe Douwstra - Countryline
11:12 - Di Gojim - Dit Wijsje
11:21 - Lp - Lost On You
11:33 - Nielson & Miss Montreal - Hoe
11:46 - Charlie Puth - Attention

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)