Op & Ut fan 24 desimber 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer projekt X-mas yn Wynjewâld, it Krystsirkus Sander & Friends en de 1ste edysje fan Tryn’s Krystkuier yn Oentsjerk.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.
Fierder binne der live optredens fan de 2 sjongeressen fan it Trio Garmoniya en fan Nynke Laverman en Elske DeWall (yn it ramt fan ‘Cohen yn it Frysk’).

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Projekt X-mas yn autobedriuw van der Veen yn Wynjewâld. Sneon 24 desimber fan 19.00 oere ôf en snein 25 desimber om 21.00 oere.
www.facebook.com/ProjectXmasParty/?fref=nf
- Krystjûnfierings m.m.f. koar Provocale yn Karmelkleaster yn Drachten. Sneon 24 desimber om 20.00 en om 22.00 oere.
www.karmelklooster.nl
www.facebook.com/karmelklooster
www.promovocaal.nl
- Krystkonsert ‘Magnificat’ troch fokaal ensemble Provocale en solisten yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum. Twadde Krystdei, 26 desimber om 15.30 oere. Om 12.00 oere is der try-out fan dit konsert yn de Vitustsjerke yn Wetsens.
www.promovocaal.nl
- Midwintersjongwykein. Fan 13 o/m 15 jannewaris 2017.
www.promovocaal.nl
- Boek ‘Goaiingahuzen, in machtich plakje’ fan Willem Wilstra, Anne Peenstra en Auck Peenstra.
http://afuk.frl/publisher

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert Trio Garmoniya yn Ioannis Teatertsjerke yn Wier. Sneon 24 desimber 20.00 oere.
www.ioannistheatertsjerkewier.nl
- Krystsirkus Sander & Friends. It sirkus fersoarget op 25, 26, 28, 29 en 30 desimber foarstellings op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert, fan 3 o/m 7 jannewaris op it parkearterrein oan de Toppenhuzerwei yn Snits en op 27 desimber om 14.30 oere yn de Utingeradielhal yn Akkrum.
www.familievoorstelling.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- ‘In lêste bûging foar Leonard Cohen’: Cohen yn it Frysk. Twadde Krystdei om 20.00 oere yn de Lawei yn Drachten.
www.lawei.nl
- Fan 27 o/m 30 desimber wurde der yn Kûbaard op ferskillende lokaasjes keunstsinnige workshops jûn.
www.moglas.nl/kerst-en-nieuwjaar-kubaard/
- Boeke-rubryk Ernst Bruinsma. Behannele boeken:
* Meindert Bylsma, 'En dêr marsjear ik hinne'. Elikser, Ljouwert 2016.
www.elikser.nl
* Dimitri Verhulst, 'Spoo dee doo'. Atlas Contact, Amsterdam / Antwerpen, 2016. www.atlascontact.nl
* Joseph Roth, 'Joden op drift'. Vertaald door Els Snick. Voorwoord Geert Mak. Bas Lubberhuizen, Amsterdam 2016.
www.lubberhuizen.nl
www.ernstbruinsma.nl
- 1ste edysje fan Tryn’s Krystkuier. Twadde Krystdei út Oentsjerk wei. Starte kin fan 11.30 oant 12.30 oere. Startplak en parkeare oan de Dr. Kijlstrawei tsjin nr. 2 oer yn Oentsjerk. De ôfstân is sa’n 10 km.
https://www.facebook.com/events/212401732522495/

09:18 - Murk Aukema - Story Like Yours
09:25 - Band Aid - Do They Know It's Christmas
09:31 - Sarah Bareilles - Love Is Christmas
09:43 - De Kast - Wiest Mar Thus Mei 't Krystfeest
10:30 - Dana - It's Gonna Be A Cold, Cold Christmas
11:32 - Dean Martin - Let It Snow, Let It Snow, Let It Snow

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)