Op & Ut fan 23 desimber 2017 09:00

Goeiemoarn! It is sneontemoarn 23 desimber, it is hast kryst en ik bin fansels al yn de kryststimming! Ik sil hjoed ek myn bêst dwaan om dy ek safier te krijen, mar dat mar seker slagje mei de gasten en moaie muzyk dy't ik hjoed haw yn Op en Ut, wolkom!

Natuerrubryk
We begjinne fan 'e moarn wer mei Johan de Jong en fansels syn natuerrubryk. Wat wat is der op it stuit hot yn de natuerwrâld en wêr giet it oer dizze wike. Johan skood oan en sil ús der alles oer fertelle.

Wijnaldumer Winterkuiertocht
Mar wy sille it ek mei Greetje Postma hawwe oer de Wijnaldumer Winterkuiertocht mei ferhalen en muzyk ûnderweis. En wa geniet dêr no net fan, in gesellige winterkuier. Dêrnei in lekker bakje sûkelademolke en dyn kryst is kompleet.

Oliver, met een Twist!
En om dy kryst noch kompleter te meitsjen komt ek Wilma Hoornstra, regisseur fan Oliver met een Twist! Ek Angela van Arendonk, meiwurker fan De Lawei komt mei. Oane Marten, de haadrolspiler fan de musikal skood oan by Douwe.

Leger des Heils
By de kryst heart fansels ek it Leger des Heils. Majoor Bert en gast komme del om te fertellen oer de krystnachttsjinst Er Was Eens....22:15 yn de Aegonzaal yn de Harmonie.

Aafke Zuidersma
Muzyk is der hjoed fansels ek en dat wurdt dy fan 'e moarn brocht troch Aafke Zuidersma. Sy komt mei Robert Dorn, Sytze Bouma en sy sjongt Driving Home For Christmas.

''Saman Amini''
Luc Bood skood oan by Douwe oan tafel. Luc is kok by de foarstelling The Nation en sil fertelle oer wat der optsjinne wurdt by dizze foarstelling dat útgiet fan it Nasjonaal Tëater.

Klaas Piekstra mei de túnrubryk
Ek hjoed ûnbrekt hy net: Klaas Piekstra mei de túnrubryk.

Mata Hari
Hans Groeneweg komt del om te fertellen oer de foarstelling Mata Hari, de mythe en het meisje.
Mar noch mear oer Mata Hari want ek Hans Kleipool fan Stichting de Kleine Opera sil wat fertelle oer de opera fan Mata Hari.

Verhalen2018
Janneke de Haan en Romke Gabe Draaier skowe oan by Douwe oer it projekt Verhalen2018. Oer wat der by it iepeningswykein op stapel stiet en benammen om in oprop te dwaan foar noch mear fertellers.

Kerstcircus Sander en Friends
In akt fan it Kerstcircus Sander en Friends. De skiednis fan it sirkus komt nei foaren en te gast binne fansels Sander én in tal Friends!

We slúte ôf mei Brassband De Wâldsang en The Gents. Sy jouwe moarntejûn in konsert yn De Lawei.

En ta beslút.....Noflike krystdagen!

09:14 - Andy Williams - It's The Most Wonderful Time Of The Year
09:22 - Nils Lofgren - Shine Silently
09:35 - Agnes Sambrink - Feart
10:06 - Band Aid 20 - Do They Know It's Christmas
10:37 - M'lissa - I Wish Everyday Was Christmas
11:07 - Samar - Stjoer Us Wer Jo Soan
11:18 - Michael Buble - The More You Give (The More You'll Have)

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)