Op & Ut fan 22 novimber 2014 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it projekt 'Farmers & Ranchers' yn it Fries Museum yn Ljouwert, oer it Bene-fyts-konsert yn it doarpshûs fan Weidum en oer de aktiviteiten dy't yn Balk hâlden wurde yn it ramt fan de 150ste bertedei fan Herman Gorter.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Gurbe Douwstra, Anneke Douma, Piter Wilkens en Gryt Wiersma yn it ramt fan it Frysk Sjongers Gala. Oare live muzyk wurdt fersoarge troch 3 sopranen fan de operette- en musicalferiening 'Les Rigolaux' en it duo Grytz en Grize.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Utfierings nije teaterproduksje 'Victor Hugo en Les Misérables' fan operette- en musicalferiening 'Les Rigolaux' yn Theater Sneek yn Snits en yn de Hege Fonnen op 'e Lemmer.
www.lesrigolaux.nl
www.theatersneek.nl
www.dehegefonnen.nl
- Fryske dei fan de lannelike manifestaasje 'Breng-je-Schelp' yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Senon 22 novimber fan 11.00 oere ôf.
http://www.natuurmuseumfryslan.nl/breng-je-schelp
- Foarstellings dy't it Nut Makkum dit winterskoft op ferskillende lokaasjes yn Makkum programmearre hat.
www.nutmakkum.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Frysk Sjongers Gala yn Wite Lawei yn Drachten (29 en 30 nov.) en etalaazje optreden by Elinga Mode yn Drachten ta promoasje fan dit gala (sneon 22 novimber om 14.00 oere)
www.lawei.nl
- Projekt 'Farmers & Ranchers' yn Fries Museum yn Ljouwert
www.farmersandranchers.nl
www.friesmuseum.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Optreden Grytz en Grize yn it tsjerkje fan Wyns. Snein 23 novimber om 15.00 oere.
www.grytzengrize.nl
www.wynzertsjerkje.nl
- Bene-fyts-konsert yn doarpshûs yn Weidum. Sneon 22 novimber om 20.00 oere.
https://nl-nl.facebook.com/harmonie.weidum
- Eksposysje en festival yn Balk yn it ramt fan de 150ste bertedei fan Herman Gorter
- http://www.kunstkringgaasterland.nl/nieuws
- Explore the North Festival yn Ljouwert. Freed 28 en sneon 29 novimber.
www.explore-the-north.nl


09:09 - Everly Brothers - On The Wings Of A Nightingale
09:22 - Marcel Smit - Fryslan
09:43 - Iris Kroes - Throw In Tomorrow
10:42 - Stevie Wonder - Superstition
10:47 - Chordettes - Lollipop
10:58 - Madonna - Ray Of Light

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)