Op & Ut fan 22 july 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer in workshop ‘coachen mei hynders’ yn Nijlân, oer Opera Spanga yn Spangea en oer de ‘Leeuwarder Adventure night’ yn Neushoorn yn Ljouwert.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - ‘High Tea Concert’ troch de susters Sippie en Nynke Broersma yn de Fermanje fan Snits. Snein 23 july om 15.00 oere.
    www.sneekvocaal.nl
    www.zanglessneek.nl
    - Workshop coachen mei hynders yn Nijlân. Sneon 29 july fan 09.30-12.00 oere.
    www.paardalscoach.com
    - Demonstraasjes mei stoommasjine dy’t ôfkomstich is út it suvelfabryk fan Steggerda. O/m 24 septimber alle sneinen fan 13.30-17.00 oere yn it Stoommuseum oan de Feartwei 6 yn Steggerda.
    www.steggerda.info/steggerda/het-stoommuseum/

    2e oere (10.00-11.00)
    - De eksposysje ‘Kunst-Reis’ is noch o/m 27 augustus 2017 te sjen by ‘Kunstwerk! in de Stellingen’ oan de Haadstrjitte East 34 yn Noardwâlde. Iepeningstiden: freed, sneon en snein fan 13-17 oere.
    www.kunstwerkindestellingen.nl
    www.corrieschrier.nl
    - It lêste nijs oer kulturele haadsted 2018.
    www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - 32ste edysje fan de Fryske Ballonfeesten op ‘e Jouwer. Fan 26 o/m 30 july.
    www.ballonfeesten.nl
    - Opera Spanga bringt fan 22 july o/m 5 augustus Giuseppe Verdi’s klassiker ‘La Traviata’. Lokaasje is de Spangahoekwei 47 yn Spangea.
    www.operaspanga.nl
    - ‘Leeuwarder Adventure Night’ mei ferhalen fan avonturiers yn Neushoorn yn Ljouwert. Ien fan de ynlieders is Lucie Mensinga. Sy sil fertelle oer de lange fytsreizen dy’t sy makke hat: û.o. by ‘The Great Divide’ del fan Canada nei Mexico en fan Argentinië nei Peru. Ek sil se yngean op har ûnderfinings mei wyldkampearen.
    www.neushoorn.nl/nl/event/143210/leeuwarder-adventure-night
    http://luciefietst.blogspot.nl
    - Fair ‘Flinke Favorieten’ by de Flinkefarm yn Himmelom. Sneon 22 en snein 23 july fan 10.00 oant 18.00 oere.
    www.itflinkeboskje.nl

    09:16 - Crowded House - Don't Dream It's Over
    09:27 - Jelle B - Taxi
    09:33 - Jp Cooper - September Song
    09:45 - Tet Rozendal - Bern Fan 'e Walden
    09:54 - Anouk - Places To Go
    10:13 - Joan Armatrading - Rosie
    10:24 - Charlie Puth - Attention
    10:34 - Youssou N'dour & Neneh Cerry - 7 Seconds
    10:48 - De Kast - In Dreamer
    11:13 - Xavier Rudd - Follow The Sun
    11:22 - Verdi - La Traviata
    11:34 - Erik Mesie - Zonder Jou
    11:47 - Mercedes Sosa - Un Vestido Y Un Amor

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)