Op & Ut fan 21 maaie 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear de iepen dagen fan de Dairy Campus yn Ljouwert, it Oranjewoudfestival en it iepenloftspul ‘Reboelje yn Gaasterlân’.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Di Gojim en The Forebitter Men.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- ‘Dag van Coaching Friesland’. Sneon 28 maaie fan 10.00 oant 17.00 oere yn hotel de Oorsprong yn St. Nyk.
www.coachingfriesland.nl
- Natoerfestival ‘Fête de la Nature’ yn Nasjonaal Park De Alde Feanen. Sneon 21 maaie en snein 22 maaie.
www.np-aldefeanen.nl
- Iepen dagen Dairy Campus oan ‘e Boksumerdyk 11 yn Ljouwert. Op 26, 27 en 28 maaie fan 09.30 – 15.30 oere.
www.openingdairycampus.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Oranjewoudfestival fan 2 o/m 5 juny yn Oranjewâld.
www.oranjewoudfestival.nl
- Benefytkonsert fan de MS feriening Fryslân. Woansdei 25 maaie om 19.30 oere yn De Pleats yn Burgum.
www.vriendenvanmsvnfryslan.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat
- Omrop Fryslân jout dit simmerseizoen ekstra omtinken oan de iepenloftspullen. Fan de fyftjin stikken dy't kâns meitsje op in Gouden Gurbe binne op in spesjale side reportaazjes te finen, ynformaasje oer de stikken en spyldata.
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan The Forebitter Men.
www.theforebittermen.nl
- Stichting ‘Theatergroep Broos’ presintearret ‘De Kus van de Spinvrouw’. Spyldata: 10, 11, 12, 14 en 15 juny om 20.00 oere. Lokaasje: Blokhúspoarte yn Ljouwert.
Kaarten kinne reservearre wurde fia: spinnevrouw@gmail.com
www.facebook.com/dekusvandespinvrouw/posts/867908420002066
- Toanielferiening Snypsnaren út Aldemardum spilet it iepenloftspul ‘Reboelje yn Gaasterlân’. Fan 26 maaie o/m 4 juny oan de Jan Schotanuswei 39 yn Aldemardum.
www.snypsnaren.nl
- Rudolf Nammensma fertelt oer de ynformaasjejûn Klassike Muzyk dy’t op tongersdei 26 maaie yn de Harmonie yn Ljouwert hâlden wurdt en oer de útfiering fan ‘La Bohème’ troch Opera Zuid op sneon 28 maaie, ek yn de Harmonie yn Ljouwert.
www.harmonie.nl

09:20 - Alison Moyet - All Cried Out
09:33 - Enrique Iglesias (Ft. Wisin) - Duele El Corazon
09:44 - Mavericks - Here Comes My Baby
11:28 - Marvin Gaye - How Sweet It Is (To Be Loved By You)
Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)