Op & Ut fan 21 jannewaris 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer in geologywykein fan de GEA-Kring Fryslân, oer de teaterklucht ‘De Slaap van Ondine’ fan it Mini Theater Friesland en oer in presintaasje fan Ard Schenk oer sûn âld(er wurde).

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan Inez Timmer en fan Tet Rozendal, Wybo Smids, Gurbe Douwstra en oaren.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Geologywykein fan de GEA-Kring Fryslân yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Sneon 21 en snein 22 jannewaris fan 11.00 oere ôf.
www.natuurmuseumfryslan.nl
www.geologiefriesland.nl
- Mini Theater Friesland spilet de teaterklucht ‘De Slaap van Ondine’. Sneon 21 jannewaris om 20.30 oere yn De Skâns op ‘e Gordyk en sneon 18 febrewaris om 20.00 oere yn De Koningshof yn Oranjewâld.
www.minitheater.nl
www.skans.nl
- Optredens yn Podium Gorter yn Balk. Snein 22 jannewaris om 16.00 oere treedt Gerard Alderliefste hjir op.
www.podiumgorter.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Foarstelling ‘Mademoiselle Chanel’ fan Inez Timmer. Is û.o. snein 22 jannewaris om 15.00 oere te sjen yn de Fermanje yn De Rottefalle.
www.theaterineziatief.nl
- Jubileumkonsert ‘Het hoofd van van Haydn’ troch it Apollo Ensemble. Freed 3 febrewaris om 20.15 oere yn De Fermanje yn Ljouwert.
www.appassionata-leeuwarden.nl
http://apollo-ensemble.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Foarstelling ‘De Brekbere Sirkel’ mei û.o. Tet Rozendal, Wybo Smids en Gurbe Douwstra. Woansdei 8 febrewaris om 20.30 oere is de premjêre yn De Harmonie yn Ljouwert.
www.tetrozendal.com
www.gurbedouwstra.nl
- Ard Schenk jout in presintaasje oer sûn âld(er) wurde. Sneon 21 jannewaris fan 13.00 oant 15.00 oere yn bewegingssintrum Switte yn Bûtenpost. Belangstellenden kinne har oanmelde fia till.nr.: 0511 – 54 00 38 of fia it e-mail adres: info@switte.nl.
www.switte.nl
- Yn it ‘Eerste Friese Schaatsmuseum’ yn Hylpen rint oant 6 maart 2017 in eksposysje oer it boek ‘Op en om het Krabbelbaantje’ dat yn 1904 útjûn waard.
www.schaatsmuseum.nl
- Lêzing ‘Het Friese interieur, van bedstee tot kastenwand’ troch prof. dr. Johan de Haan. Snein 22 jannewaris om 15.00 oere yn Museum Hindeloopen yn Hylpen.
www.museumhindeloopen.nl

Natoer rubryk

Inez Timmer oer har foarstelling Mademoiselle Chanel

Op en om het Krabbelbaantje

Live optreden fan Inez Timmer

Tet Rozendal en Gurbe Douwstra oer de foarstelling De Brekbare Sirkel

De Brekbere Sirkel 1

De Brekbere Sirkel 2

Ard Schenk oer de presintaasje oer sûn âld(er) wurde

09:17 - Doobie Brothers - Listen To The Music
09:34 - James Arthur - Say You Won't Let Go
09:46 - Alderliefste & Paul De Leeuw - Une Belle Histoire-Een Mooi Verhaal
10:35 - Stevie Wonder - Isn't She Lovely
10:52 - James Tw - When You Love Someone
11:23 - Lukas Graham - 7 Years
11:33 - Eddy Zoey - Bijna

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)