Op & Ut fan 20 febrewaris 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de Baskyske film 'Amama' by Slieker Film yn Ljouwert, in konsert fan Fernando Lameirinhas yn De Harmonie yn Ljouwert en in eksposysje mei bylden fan Dioni ten Busschen yn museum Opsterlân.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan ûnder mear de muzykgroep Samsoosara.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Lêzing 'Burgers in de Bijstand (armoede in Leeuwarden en elders rond 1900)'. Sneon 20 febrewaris om 13.30 oere yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
www.historischcentrumleeuwarden.nl
- By Slieker Film yn Ljouwert wurdt in filmjûn hâlden troch de frijwilligers fan Yarden. Fertoand wurdt de film 'Departures' mei nei ôfrin gelegenheid om nei te praten. Tiisdei 23 febrewaris om 20.00 oere.
www.yarden.nl/vereniging/agenda/departures-filmvoorstelling.htm
http://sliekerfilm.nl/films/departures/
- Foarstellings en films dy't dit winterskoft te sjen binne yn De Spylder yn Warns.
www.despylder.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert fan de muzykgroep Samoosara yn de Fermanje fan Damwâld (Doniawei 34. Snein 21 febrewaris om 15.30 oere.
www.facebook.com/samoosaratrio
- Ta gelegenheid fan de ynternasjonale 'Dei fan de Memmetaal' fan de Feriene Naasjes presintearret it Europeeske Buro fan Lytse Talen yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Donistia-San Sebastián, de Baskyske spylfilm 'Amama'. De Frysk/Nederlânske premiêre fan 'Amama' (mei ûndertitels yn it Frysk) is by Slieker Film yn Ljouwert: sneon 20 febrewaris om 15.30 oere en op snein 21 febrewaris om 11.30 oere. Boppedat is op sneon 20 febrewaris om 14.30 oere by Slieker Film in film te sjen mei de presintaasje fan de Kulturele Haadstêd Donostia-San Sebastián 2016. De tagong hjirfan is fergees.
http://sliekerfilm.nl/films/amama/
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Henk de Haan en koar. Dit ta telegenheid fan it 50-jierrich bestean fan fuotbalklub Lions '66.
http://www.lions66.nl/lions/event/spetterende-feestdagavond-lions66-50-j...
- Eksposysje 'The forgotten people of Soosaare II - Droomtijd' mei bylden fan turf, makke troch keunstnares Dioni ten Busschen. Fan 21 febrewaris o/m 15 maaie 2016 yn Museum Opsterlân op 'e Gordyk.
www.museumopsterlan.nl
www.peatart.com
- De Portugeeske singer-songwriter Fernando Lameirinhas stiet mei syn nijste teaterkonsert 'Een fado voor mijn vader' yn De Harmonie yn Ljouwert. Tongersdei 25 febrewaris om 20.30 oere.
www.harmonie.nl
www.grunfeld.nl/bekijkproductie/16/meer/64/Een%20fado%20voor%20mijn%20vader
www.lameirinhas.net
- 'Bach & Goldberg': Bert Natter (skriuwer) en Menno van Delft (klavesimbel) bringe Goldberg ta libben. Oer de 'Goldberg Variaties' fan Joh. Sebastian Bach. Snein 21 febrewaris om 15.00 oere yn de Lutherse tsjerke yn Ljouwert.
www.appassionata-leeuwarden.nl
www.harmonie.nl

09:18 - Fine Young Cannibales - She Drives Me Crazy
09:27 - Lilly Wood & The Prick - Prayer In C
09:32 - Soul Asylum - Runaway Train
09:47 - Mr. Probz - Nothing Really Matters
10:27 - Robert Palmer - I'll Be Your Baby Tonight
10:33 - Adele - When We Were Young
11:25 - Tina Turner & Rod Stewart - It Takes Two
11:31 - The Weeknd - In The Night
Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)