Op & Ut fan 20 augustus 2016 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.

    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it Imaginarium festival. Wilma van der Woude stiet dêr mei de Frye Friezen yn in echt kamp. Dêrneist komt regisseur Durk Bruinsma fertellen oer syn grutte teaterspektakel Grutte Pier yn Kimswert. Want dy giet woansdei 24 augustus yn premjêre.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Fierder binne der live optredens fan Gebrich en it Grutte Guod en selliste Wytske Holtrop mei pianist Edoardo Brotto.

    Alle ûnderwerpen:
    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Astrid van der Linde en Wilma van der Woude oer it Imaginarium festival fan 20 en 21 augustus fan 11.00 oant 23.00 yn Park Vijversburg by Tytsjerk
    http://www.imaginarium-festival.nl/
    - Erwin Groen oer Stoppeldei op 20 augustus fan 10.00 oant 17.00 yn Nij Beets
    www.risping-nijbeets.nl
    http://www.damshus.nl/index.htm
    - Han Steenbruggen oer de Käthe Kollwitz tentoanstelling oant 9 oktober yn Museum Belvédère
    http://www.museumbelvedere.nl/

    2e oere (10.00-11.00):
    -Gerbrich van Dekken, Wander van Duin, Josse Postma ûnder de namme ‘Gerbrich en It Grutte Guod’ oer it festival Easterbarren yn Eastermar op 27 augustus
    http://www.easterbarren.nl/
    http://www.gerbrichvandekken.nl/
    -Jan Spannenburg, Inge Dekkeren Jikke Jorna oer it kampioenskip ielrikjen en de Zomerfair yn Baard op 20 augustus fan 12:00 oant 17:00
    http://ielrikjenbaard.nl/
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00):
    - Sellist Wytse Holtrop en Italiaanse pianist Edoardo Brotto nei oanlieding fan it slotkonsert op 21 augustus fan Appassionate Leeuwarden simmerkonserten om 15:00 yn Ljouwert
    - Dirk Bruinsma oer teaterfoarstelling Grutte Pier fanôf 23 augustus yn Kimswert
    http://gruttepier.nl/
    - Petra Dijkstra oer Kunstroute Paradepaadje fan 25 oant 28 augustus yn 6 doarpen yn Littenseradiel
    http://www.paradepaadje.nl/
    - Pim Hendriks en Vera Damhuis oer de bernefoarstelling Water voor Nu en Later yn it Woudagemaal nei oanlieding fan de Bjusterbaarlike Simmerwike
    https://www.facebook.com/simmerwike/

    09:19 - Lois Lane - It's The First Time
    09:34 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
    09:44 - Bobby Mcferrin - Don't Worry, Be Happy (Single Version)
    10:25 - Shola Ama - You Might Need Somebody
    10:31 - Brooke Fraser - Something In The Water
    11:27 - Style Council - Shout To The Top
    11:32 - Gnash (Ft. Olivia O'brien) - I Hate U I Love U
    11:49 - Jan Tekstra - De Simmer Op It Liif (Remiks 2010)
    11:53 - Dinah Washington - Mad About The Boy

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)