Op & Ut fan 2 septimber 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer Paradepaadje, de keunst- en kultuerrûte yn Littenseradiel; Easterbarren, it strjitfestival yn Eastermar; UITfestival yn Ljouwert; en Appelstap, de twadde edysje fan de kuiertocht fol avontoer en ferrassings.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra mei tips foar de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:
1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- De keunst- en kultuerrûte Paradepaadje troch Littenseradiel wurdt foar de lêste kear holden. Petra Dijkstra fertelt deroer
www.paradepaadje.nl
- Nynke de Jong fertelt oer it Strjitfestival Easterbarren dat fannemiddei losgiet.
www.easterbarren.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Arjen Hartlief en Jos Danes lizze út wat der sa spektakulêr oan it Nederlânsk kampioenskip Kombine race is. Dit wurdt nije wike snein op de Tynje holden.
www.tynsterspektakel.nl
-It kulturele programma fan Stifting BOOG Boalsert is klear en wurdt freed presintearre.
www.boog-bolsward.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- UITfestival Ljouwert fynt snein wer plak.
www.uitfestival.nl
- Lân fan Taal docht ek mei oan it UITfestival. Miranda Werkman is út namme fan de Omrop.
www.lanfantaal.nl
- Ernst Bruinsma is der ek wer mei syn boekenrubryk.
- Takom wike is der de twadde edysje fan Appelstap. Alice Vloet en Nynke Adding fertelle oer dizze kuiertocht fol avontoer en ferrassings.
www.appelstap.nl

09:05 - Jacksons - Can You Feel It (Single Edit)
09:18 - Armin Van Buuren - Sunny Days
09:32 - Ernst Langhout - Ruzjend Yn 'e Wyn
09:42 - Krystl - Golden Days
09:45 - Gerbrich Van Dekken - Mear As In Freon
10:05 - Bee Gees - Tragedy
10:18 - Rita Ora - Your Song
10:33 - Gaatze - De Leste
10:46 - Peter Allen - I Go To Rio
10:54 - Mavericks - Here Comes My Baby
11:17 - Nicky Jam Ft. Enrique Iglesias - El Perdon
11:35 - Marco Borsato - Binnen
11:48 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)