Op & Ut fan 2 desimber 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it fernijde Princessehof yn Ljouwert, oer ‘Hauken & Hazzen’, de nijste foarstelling fan teatergroep Sult en oer it konsert ‘Feroaring fan Lucht’ yn Drachten.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
En der wurde live optredens fersoarge troch Linde Nijland & Bert Ridderbos en troch Anke Boersma. Sy sjongt 2 lieten út it mearke fan Winsum.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Teatergroep Sult spilet de lokaasjefoarstelling ‘Hauken & Hazzen’ fan 7 desimber 2017 o/m 7 jannewaris 2018.
www.teatergroepsult.nl
- Fan 7 o/m 16 desimber wurdt it Media Art Festival 2017 hâlden. Lokaasje is it kantoargebou oan de Snekertrekwei 1 yn Ljouwert.
www.mediaartfriesland.nl
- Konsert ‘Feroaring fan Lucht’ yn de Menorah yn Drachten. Sneon 2 desimber om 19.30 oere. It is it 10e en tagelyk lêste muzykprojekt yn it 6e kultuerhistoaryske jier, in inisjatyf fan Smelne’s Erfskip en de gemeente Smellingerlân. Utfierenden binne CMV Crescendo Drachten en ‘Looft den Heer’ út Boarnburgum
www.smelneserfskip.nl
www.looftdenheerboornbergum.nl
www.crescendodrachten.nl
- De stichting Blinder is mei de Sinteklaas-famyljefoarstelling ‘Lekker ieuwww’ te sjen yn De Bidler yn Wergea. Snein 3 desimber om 15.00 oere.
www.stichtingblinder.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Yn Winsum wurdt foar de 10 kear op rige it Mearke Winsum opfierd. Diskear stiet it mearke ‘Jaap en de selfkickerkat’ op it programma, in stik dat basearre is op it klassike mearke ‘De gelaarsde kat’. Alle foarstellings binne útferkocht, mar der is in ekstra foarstelling op snein 3 desimber om 11.00 oere.
www.mearke.nl
- Gerbrich van der Meer, betinkster fan de Skuorkalinder Fryslân en de wrâld LF 2018, jout mear ynformaasje oer dizze kalinder.
www.bornmeer.nl/winkel/skuorkalinder-fryslan-en-de-wrald/
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Linde Nijland en Bert Ridderbos fersoargje in live optreden yn Op & Ut. Dit ta gelegenheid fan de nije CD fan Linde. Ek jouwe se snein 3 desimber om 15.30 oere in konsert yn Theeschenkerij Bellefleur yn Siegerswâld en fierder bringe se mei Otto Groote en Gurbe Douwstra it programma ‘Noordlied’ yn de Skâns op ‘e Gordyk. Sneon 9 desimber om 20.15 oere.
www.lindenijland.nl
www.theeschenkerijbellefleur.nl
www.skans.nl
- By útjouwer Wijdemeer is koartlyn it boekje’Een Friesche eetgeschiedenis, historische recepten uit de achttiende en negentiende eeuw’ fan Anne van Lieshout ferskynt. De skriuwster komt nei Neushoorn en fertelt der mear oer.
www.wijdemeer.nl
www.rug.nl/let/organization/actueel/nieuwsberichten-2017/anne-van-liesho...
- It keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert fiert syn 100-jierrich jubileum mei in grutte weriepening. Fan sneon 2 desimber ôf is it fernijde Princessehof iepen foar publyk mei in nije fêste opstelling fan de fêste kolleksje en mar leafst 4 eksposysjes mei hjoeddeiske keramyk. Yn it iepeningswykein op 2 en 3 desimber is it museum fergees tagonklik.
www.princessehof.nl

09:05 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
09:18 - Jason Mraz - I Won't Give Up
09:37 - Four Tops - Don't Walk Away
09:48 - Bricquebec - Strjitlizzer
10:07 - Freda Payne - Band Of Gold
10:24 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
10:35 - Janieck - Feel The Love
11:05 - Katrina & The Waves - Love Shine A Light
11:24 - Zayn & Taylor Swift - I Don't Wanna Live Forever
11:37 - Piter Wilkens - Loftsile
Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)