Op & Ut fan 18 novimber 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it stik ‘De Goede Dea’ fan Teater Snits, oer útfierings fan de ‘Vreeselike Waatermagten’ troch it fokaal ensemble Bonifatius en oer it festival ‘Explore-the-North’ yn Ljouwert.
    Fierder docht Bauke Deelstra ferslach fan de tariedings foar de lannelike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum.
    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
    En der wurde live optredens fersoarge troch Marthe Ledegang yn har rol as ‘Tina’ en troch in delegaasje fan Fryslân Brass.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Teater Snits spilet it stik ‘De Goede Dea’. Freed 24 en sneon 25 novimber om 20.15 oere yn Theater Sneek yn Snits.
    www.theatersneek.nl
    www.teatersnits.frl
    - Bauke Deelstra docht ferslach fan de lannelike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum.
    www.sintdokkum.nl
    - Fokaal Ensemble Bonifatius bringt 2 útfierings fan de ‘Vreeselike Waatermagten’, in rekwiem oer de Krystfloed fan 1717. De útfierings binne op sneon 18 novimber om 20.00 oere yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum en op snein 26 novimber om 15.00 oere yn de Sint Pitertsjerke yn Grou.
    www.bonifatiusensemble.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Marthe Ledegang (13 jr.) spilet yn Noard-Nederlân de rol fan Tina yn de ‘Tina, de musical’. Yn Op & Ut fertelt se oer har ûnderfinings en se fersoarget in optreden. ‘Tina, de musical’ is yn Fryslân te sjen yn de Harmonie yn Ljouwert (24 nov.), yn Theater Sneek yn Snits (26/11) en yn De Lawei yn Drachten (01/12).
    www.tina.nl/musical/
    - Bauke Deelstra docht ferslach fan de lannelike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum.
    www.sintdokkum.nl
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Fryslân Brass bestiet 25 jier en jout m.m.f. musicalartyst Oedo Kuipers in jubileumkonsert yn De Flambou yn Surhústerfean. Sneon 18 novimber om 20.00 oere.
    www.fryslanbrass.nl
    www.oedokuipers.com
    - Yn de binnested fan Ljouwert is op 24 en 25 novimber op ferskillende lokaasjes it festival Explore the North.
    www.explore-the-north.nl
    - Bauke Deelstra docht ferslach fan de lannelike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum.
    www.sintdokkum.nl
    - It Leeuwarder Kamerkoor nimt nei 15 jier ôfskied fan har artistyk lieder en fêste dirigint Adrián Ródriquez Van der Spoel. Sneon 18 novimber is der in ôfskiedskonsert yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Om 20.15 oere.
    www.leeuwarderkamerkoor.nl

    09:07 - Calvin Harris - Feels
    09:19 - Triggerfinger - I Follow Rivers
    09:39 - Sixpence None The Richer - Kiss Me
    09:47 - Tet Rozendal - Fjoerliet
    10:06 - Van Morrison - Brown Eyed Girl
    10:22 - Sam Smith - Too Good At Goodbyes
    10:36 - Rihanna Ft. Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
    10:48 - Vangrail - Libben Nei De Leafde
    11:36 - Dexy's Midnight Runners - Come On Eileen

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)