Op & Ut fan 18 febrewaris 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer ‘Help pake en beppe de vakantie door!’, oer de eksposysje ‘Er is iets groots, iets wilds en rustigs gaande’ en oer de foarstelling ‘Onbekend Land’ fan selskip ‘Het Houten Huis.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Fierder binne der live optredens fan it bernekoar Prelude fan Nijemarrum en fan de band Souldada.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- By bernebuorkerij De Naturij yn Drachten binne yn ‘e maitiidsfakânsje ferskillende aktiviteiten: op woansdei 22 febrewaris kinne bern reptilen oankrûpe, op sneon 25 febrewaris is der in ponymoarn en op snein 26 febrewaris is der in poddeparade.
www.naturij.nl
- 33 Fryske musea en argiven dogge fan tiisdei 21 febrewaris oant en mei freed 24 febrewaris mei oan de 16e edysje fan ‘Help pake en beppe de vakantie door!’.
www.museum.frl
- Yn ‘e Lawei yn Drachten is fan 19 o/m 26 febrewaris it Kidsfestival.
www.lawei.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Yn restaurant ‘Boschlust’ yn Aldemarrum is op freed 17 febrewaris (fan 16.00-17.00 oere) de presintaasje fan ‘Tsjilp!’, de nijste dichtbondel fan Eppie Dam mei yllustraasjes fan Lienke Boot. 5 fan dizze gedichten binne troch Hille Faber op muzyk setten en sille tidens de presintaasje troch it bernekoar Prelude fan Nijemarrum foar it fuotljocht brocht wurde. Dit koar sil ek twa optredens fersoargje yn Op & Ut.
Yllustrator Lienke Boot fersoarget yn ‘e maitiidsfakânsje workshops linoleum snije yn Mar en Klif yn Aldemarrum.
www.gerbenrypma.nl/aktiviteiten.html
www.marenklif.nl
- Eksposysje ‘Er is iets groots, iets wilds en rustigs gaande’, útstalling oer âlderein, yntimiteit en seksualiteit. Fan 14 febrewaris o/m 11 april by Sûnenz oan de Boargemaster Wuitewei 140 B yn Drachten.
www.sunenz.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat en lansearring nije waarside op website.

3e oere (11.00-12.00)
- De band Souldada hat snein 19 febrewaris har lêste optreden. Om 15.00 oere yn Theater Sneek yn Snits.
www.theatersneek.nl
www.souldada.nl
- Yn it ramt fan de ynternasjonale memmetaaldei fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen wurdt yn Slieker yn Ljouwert de Grienlânske dokumintêre ‘Sumé – the sound of a revo-
lution’ fertoand. Tiisdei 21 febrewaris om 20.00 oere.
www.eblt.nl
www.sliekerfilm.nl
- Jaap Mulder & Sons binne mei har nije muzykteaterprogramma ‘Vaders en Zonen’ te sjen en te hearren yn it tsjerkje fan Goëngea. Snein 19 febrewaris om 15.00 oere.
http://mulderandsons.com/
- Selskip ‘Het Houten Huis’ stiet mei de teaterfoarstelling ‘Onbekend land’ yn it Posthûs teater op It Hearrenfean. Sneon 18 febrewaris om 19.15 oere.
www.hethoutenhuis.org
www.posthuistheater.nl

Lansearring waarpagina Piet Paulusma yn Op & Ut

09:15 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
09:32 - Chainsmokers - Paris
09:44 - Nynke Laverman - Vida Triste
09:51 - Sugababes - Ugly
09:54 - Janet Jackson - Together Again
10:34 - Thelma Houston - Don't Leave Me This Way
11:05 - Omi - Cheerleader
11:20 - Boudewijn De Groot - Een Wonderkind Van 50
11:33 - Ed Sheeran - Shape Of You
11:53 - Gurbe Douwstra - Kertier Oer Fiven

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)