Op & Ut fan 17 maart 2018 09:00

1e oere (09.00-10.00 oere)

- Johan de Jong mei nijs út de natuer.
- Klaas Jan Osinga fan EU Netwerk Noord-Nederland praat oer in diskusje mei toplobbyist Wytze Russchen en de Dútse sjoernaliste Sarah Brech oer de kleau tusken de EU en de boargers yn Kulturele Haadstêd Ljouwert.
- Akteur Renko Hof oer it stik Gjin jûn itselde fan toanielferiening Rjocht en Sljocht.
- Ella de Jong spilet in haadrol yn Anna en ús Heit.

2e oere (10.00-11.00 oere)

- Der komt dit jier in Bachestafette op fiif monumintale oargels yn Fryske tsjerken. Theo Jellema wit der mear oer.
- Ferhalefertelster Baukje Fennema reizget fan Lauwerseach nei de Ofslútdyk en jout ûnderweis optredens.
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00 oere)

- Byldzjend keunstner Sjoukje Iedema en fotograaf Linus Harms prate oer harren útstalling Wat foarôf gie.
- Boudewijn de Vries komt fertellen oer de Dr. Love Dance Classics Night yn Snits.
- Tytsjerk stiet sintraal yn de ferhaleferteldei en it ArtCamp, Reina Rodina van der Meer wit der mear oer.

EU-netwerk Noord-Nederland organisearret diskusje mei Wytze Russchen en Sarah Brech (D)

  • Klaas Johan Osinga fan it EU netwerk Noord Nederland oer it lobbyen

De Europeeske Uny sil de kommende jierren feroarje. Wylst Dútslân en Frankryk nei mear Europa tawurkje wolle mei mear ambysjes en in hegere begrutting, besiket Nederlân om op de rem te traapjen. Mar wêr is de ynbring fan de boarger by de oansteande ferbouwing fan de EU? Hoe kinne boargers direkt ynfloed hâlde op Europa? En hawwe Kulturele Haadstêden dêr ek in taak yn? It EU-netwurk Noard-Nederlân hellet op 22 maart twa sprekkers út ús direkte buorlannen nei Ljouwert ta dy't har dêroer útsprekke sille. Dy byienkomst is yn Kafee Wouters yn Ljouwert en begjint om 16.00 oere. 

Wytze Russchen út Brussel is bekend fan syn boeken 'Het oliemannetje' en '#Post uit Brussel'. Op it EU-netwurk Noard-Nederlân sil de út Drachten ôfkomstige Russchen neier yngean op Ljouwert-Fryslân 2018. Hoe Europeesk is ús Kulturele Haadstêd? En krije en hâlde wy troch dy status ek ynfloed yn Europa? Wurdt de ôfstân fan de regio nei Brussel dit jier lytser? Hoe kinne Ljouwert en Noard-Nederlân dêrfan profitearje? Wytze Russchen wie jierrenlang lobbyist yn Brussel foar ûnder mear VNO-NCW.

Sarah Brech is sjoernalist by de Dútske krante Die Welt en dêr ferantwurdlik foar de berjochtjouwing oer Nederlân. Yn 2014 wurke Brech tydlik op de redaksje fan NRC Handelsblad mei in beurs fan it Dútsk-Nederlânske Sjoernalistestipendium. Sarah is ek lid fan it Europeeske inisjatyf 'Wir sind Europa' dat besiket de kleau tusken de Europeeske polityk en boargers lytser te meitsjen. 'Wir sind Europa' sammele yn in tal Dútske stêden ideeën foar de takomst fan Europa en presintearret him no foar 't earst yn Nederlân.

Nei de twa ynliedingen is der tiid foar fragen en diskusje ûnder lieding fan sjoernalist Onno Falkena. De gearkomste wurdt lykas wenst ôfsletten mei in sûpke. It EU-netwurk foar Noard-Nederlân bestiet sûnt oktober 2010. Op 22 maart 2018 is it ta oan de tritichste gearkomste. De agindakommisje fan it EU netwerk bestiet út Koos van Houdt, Henk Jonker, Godelieve van Heteren, Hans van Borselen en Klaas Johan Osinga.

09:07 - Wulf - All Things Under The Sun
09:16 - Caro Emerald - A Night Like This
09:25 - Foundations - Baby Now That I've Found You
09:36 - Charlie Puth Ft. Meghan Trainor - Marvin Gaye
09:44 - Grytz & Grize - Sei Age
09:53 - R.E.M. - Losing My Religion
10:06 - Train - Hey Soul Sister
10:24 - Jaap Louwes - Famke
10:35 - Bill Withers - Lovely Day
10:46 - Calvin Harris Ft. Frank Ocean - Slide
10:54 - Pink - Beautiful Trauma
11:07 - Oleta Adams - Window Of Hope
11:15 - James Tw - When You Love Someone
11:23 - Racoon - Soon
11:36 - Donna Summer - State Of Independence (Single Version)
11:44 - Nynke Laverman - Seis Oere Thus
11:54 - Guus Meeuwis - Tranen Gelachen

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)