Op & Ut fan 17 juny 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de iepenloftspullen yn Dronryp, Bakkefean en Easterwierrum, oer de eksposysje ‘Mata Hari lady of fashion’ yn Ljouwert en oer it ekskurzje projekt ‘Peatland en Veenmoeras’ yn Beetstersweach.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- ‘Manon’, it iepenloftspul fan Dronryp wurdt opfierd fan 21 juny o/m 8 july oan ‘e Haven yn Dronryp.
www.iepenloftspuldronryp.frl
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017
- Greidefestival Birds & Brass. Sneon 24 juny fan 10.00 oant 16.30 oere oan de Vierhuisterwei 29 yn Reahel. Oanmelde kin fia info@birdsnbrass.nl
www.birdsnbrass.nl
- Eksposysje ‘Mata Hari lady of fashion’ yn ‘Het andere museum van oldtimer tot kant’ yn Ljouwert.
www.museumpakhuiskoophandel.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Iepenloftspul fan Bakkefean: ‘It Van Drooge mystearje’. Spyldata: freed 23, sneon 24 en snein 25 juny, alle kearen om 21.00 oere.
www.facebook.com/openluchtspelbakkeveen
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017
- ‘Peatland en Veenmoeras’, ekskurzje projekt fan Josje Hattink. Freed 23 juny fan 11.00 oere ôf yn Kunsthuis SYB yn Beetstersweach.
www.kunsthuissyb.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- Klassike muzyk festival CityProms. Fan 23 o/m 25 juny op ferskillende lokaasjes yn Ljouwert.
www.cityproms.nl
- Op 24 en 25 juny stiet it Garnalefabryk yn Moddergat sintraal op ‘e ‘Dei fan de Fiskerij’ (sneon 24 juny) en de ‘Dag van het Wad’ (snein 25 juny).
www.garnalefabryk.nl
- Fan 22 juny o/m 2 july wurdt yn Easterwierrum it berneiepenloftspul ‘Pietje Bell en de binde fan de Swarte Hân’ opfierd.
www.berneiepenloftspul.nl
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017
- Auteur Kees Kooman fertelt oer ‘Dit is uw land’, syn nijste boek dat hy tegearre mei Hans van Grinsven skreaun hat.
www.uitgeverijdekring.nl/kees-kooman
www.keeskooman.nl

09:16 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
09:35 - Robert Palmer - Addicted To Love
09:47 - Tim Douwsma - Wolst By My Bliuwe Te Sliepen
10:13 - Frankie Valli - Grease
10:24 - Charlie Puth - Attention
10:35 - Inez Timmer - Minsk
10:48 - Nick Kamen - I Promised Myself
11:34 - Dnce - Cake By The Ocean

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)