Op & Ut fan 16 desimber 2017 09:00

    Wolkom by wer in nije útstjoering Op en Ut! Douwe hat wer geweldige gasten en moaie muzyk foar elkenien yn petto dizze 16e fan desimber!

    Douwe hat as earst te gast Johan de Jong mei syn rubryk oer natuer. Dêrnei komt Jelle Banga. Hy organisearret al 25 jier it FeRstival yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean. Fan 'e jûn is de finale. FeRstival is de provinsjale foardrachtswedstryd foar learlingen fan 12 oant 18 jier. It is hjoed d jubileum edysje om’t se 75 jier bestean. Der komt ûnder oaren in optreden fan âld winner Tet Rozendal. Mar wy sille it ek hawwe oer it Krystdiner fan De Lions. Hans Vogelzang organisearret op sneintejûn dizze fantastyske krystjûn foar âlderen dy't mei de kryst wol ris yn it sintsje setten wurde meie.

    Caro Kroon fan tëaterkollektyf SPOONK komt ek del oer it stik: Houtigehage timmert aan de weg. Dit giet oer trije kulturêle aktiviteiten wêrby it benammen giet om it tegearre dwaande wêze, it by learjen fan ynformaasje en fansels in soad wille mei elkoar.
    Dit wykein is de yn de Blokhúspoarte in grutte Krystmerk. Winie Weidenaar sil deroer fertelle. Dit wykein op 16 en 17 desimber is de krystmerk mei 60 kreampkes, in iisbaan, it krystcsirkus en in krystman fêst wer in grut súskes.

    Muzyk is der ek fan 'e moarn mei Adri de Boer en de Bogerman Vocals. Hy sels spilet gitaar en piano. De titel fan konsert hjit De Waarmte fan Desimber en is fan 'e jûn yn de Witte Kerk fan de Hemrik.
    Tjalling Wynstra en Egbert van Hes binne ek te gast oer it Weihnachtsoratorium fan Johann Sebastian Bach yn de Bonifatiuskerk yn Ljouwert op 17 desimber 14:30 troch Toonkunstkoor Concordia.

    Us fêste gast Klaas Piekstra mei komt werr mei syn tún-rubryk en jout ek in krystbeam fuort!
    Singer songwriter Frank Bluaka krijt hjoed ek in poadium yn Op en Ut. Hy hat fan 'e jûn in optreden Yn de Bres. Hy sil it ûnder oaren hawwe oer syn leafde foar de muzyk fan Neil Young.

    Koart is ek te gast Titus van der Veer oer it Freeze Festival en de Fryske Pop Awards dy fan 'e jûn útrikt wurde. En ek komme Jettie Reitsma en Sjak Papma del om te fertellen oer it Krystkonsert fan Excelsior Ferwert yn de Liudgertsjerke Ferwert. Se bestean 120 jier dit jier.
    Rob Lijsinga, Rob Planting en Jeroen Stek sille noch wat fertelle oer de ferneamde Santa Run. Sy binne allegear meiwurkers fan Maarsingh en Van Steijn út Ljouwert.

    Ta beslút komme Trynke Hospes en Fenna de Haan fan Voedselbank Snits del om te fertellen oer de krystpakkettenaksje. Trynke is frijwilliger en Fenna is sekretaris.
    En de winterfair is der fansels ek wer dit jier op de Jouwer. Jilke Kooyker van Terra Mannenmode en Jelle Sjouke Stoker van Doppio Espresso fan de organisaasje skowe oan oan tafel by Douwe oer de Winter Events.

    09:06 - Armin Van Buuren - Sunny Days
    09:18 - Band Aid - Do They Know It's Christmas
    09:37 - Aafke Zuidersma - Lokkich Krystfeest
    09:46 - Pentatonix - Little Drummer Boy
    10:06 - Paul Mccartney - Wonderful Christmastime
    10:36 - Script - Rain
    11:06 - Jona Lewie - Stop The Cavalry

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)