Op & Ut fan 15 april 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it jubileum fan it Frysk Jeugd Fanfare Orkest, oer foarstellings fan sirkus Renz út Berlyn en oer lêzings oer de Fryske ûnderdûkskiednis.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Jan Jonkman oer it waar.

    Fierder binne der live optredens fan Sytse Haima en fan Linde Nijland

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Buertferiening De Mieden út Surhuzum hâldt in lamkesdei by de 'Blotevoetenhof' yn Opende (Grinslân). Sneon 15 april fan 10.00 - 16.00 oere.
    https://www.facebook.com/events/202966896833858/
    www.staatsbosbeheer.nl/natuurgebieden/westerkwartier/activiteiten
    - It Frysk Jeugd Fanfare Orkest bestiet 20 jier en jout in jubileumkonsert yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. Sneon 15 april om 20.00 oere.
    www.theaterdekoornbeurs.nl
    www.fjfo.nl
    www.facebook.com/FJFOrkest/
    - Optocht mei autentike militêre weinen troch Ljouwert. Sneon 15 april fan 12.23 oere ôf fia it Frijheidsplein nei it Frysk fersetsmuseum.
    www.friesverzetsmuseum.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Live optreden fan Sytse Haima. Hy treedt Peaskemoandei 17 april mei syn band op op de 30ste edysje fan Aaipop yn Nijlân.
    www.aaipop.nl
    www.sytsehaima.nl
    - Sirkus Renz út Berlyn fersoarget fan 14 o/m 17 april foarstellings op ‘e Lemmer en fan 20 o/m 30 april yn Ljouwert. It e-mail adres foar de frijkaarte-aksje is: info@circus-renz-berlin.nl
    www.circus-renz-berlin.nl
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Jan Jonkman mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Live optreden van Linde Nijland en Bert Ridderbos. Yn juny 2017 komt har nije CD ‘The Jukebox Project’ út.
    www.lindenijland.nl
    - De Fryske ûnderdûkskiednis stiet sintraal op 3 tema-jûnen:
    * Tiisdei 18 april yn it keunstensintrum Atrium yn Snits. Sprekker is Jan Terlouw, politikus en skriuwer
    * Tongersdei 20 april yn de Grutte Tsjerke yn Drachten. Sprekker is Jan Eikelboom, oarlochsferslachjouwer yn it Midden-easten
    * Tiisdei 25 april yn Tresoar yn Ljouwert. Sprekker is Tineke Ceelen, direkteur st. Vluchteling.
    Alle jûnen begjinne om 19.45 oere.
    www.tresoar.nl
    - Eksposysje ‘De Stijl in Drachten: Theo van Doesburg, kleur in architectuur’. Fan 16 april oant 25 juny 2017 yn Museum Dr8888 yn Drachten
    www.museumdrachten.nl
    - Mienskipsbijienkomst fan de Kulturele Haadsted ‘Leeuwarden-Fryslân 2018’. Tiisdei 18 april fan 18.00-21.00 oere yn de Harmonie yn Ljouwert.
    www.2018.nl/18-april

    Natoer rubryk

    Sytse Haima oer it optreden dat hy mei syn band fersoargje sil op de 30e edysje fan Aaipop

    Tún rubryk

    Live optreden Sytse Haima

    Linde Nijland oer har nije CD en oare saken

    Live optreden Linde Nijland en Bert Ridderbos

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)