Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer it 1-jierrich bestean fan de Bosbergtoer yn Appelskea, oer de premjêre fan de symfony ‘MH17’ troch it Fries Kamerorkest en oer de presintaasje fan ‘Grijngrime’, in boek oer Arjen van der Grijn dy’t 50 jier grimeur is.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Alle ûnderwerpen:
1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- De Bosbergtoer yn Appelskea bestiet 1 jier en dat wurdt fierd mei in lyts jubileumfeest. Sneon 14 oktober fan 09.00 oant 21.00 oere. De tagong is fergees.
www.bosbergtoren.nl/evenementen
- Boksgala ‘Laatste ronde’ yn sealen Skaaf yn Ljouwert. Sneon 14 oktober om 18.30 oere.
www.bav-frisia.nl
www.schaafcitytheater.nl
- Fries Kamerorkest bringt premjêre fan symfony ‘MH17’ fan de Grinslanner komponist Renilde Duif.
www.frieskamerorkest.nl
2e oere (10.00-11.00)
- Arjen van der Grijn is 50 jier grimeur. Ta gelegenheid hjirfan wurdt it oeuvreboek ‘Grijngrime’ útjûn. Yn Op & Ut fertelt hy hjir mear oer.
www.uitgeverijlouise.nl
- It sintrum fan Winaam feroaret op sneon 14 oktober yn in plein út de betide midsiuwen. Fan 11.00 oant 15.30 oere.
www.winaam.nl/archeologie/
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.
3e oere (11.00-12.00)
- Op snein 15 oktober is it krekt 100 jier lyn dat Margaretha Zelle oftewol Mata Hari eksekutearre waard. Yn de Harmonie yn Ljouwert binne yn it ramt fan dit histoaryske feit 2 foarstellings oer Mata Hari te sjen:
* Tet Rozendal bringt in reprize fan har muzikale foarstelling ‘Mata Hari’. Snein 15 oktober om 13.30 oere.
* En Folkert Wesseling spilet ien fan de rollen yn ‘Mata Hari, schuldig of naïef’. It stik is skreaun en regissearre troch Herman van Veen. Snein 15 oktober om 15.30 oere.
www.harmonie.nl
www.tetrozendal.nl
www.folkertwesseling.nl
- Topflamencodûnser Farruquito stiet mei de foarstelling ‘Improvisao’ yn De Harmonie yn Ljouwert. Woansdei 18 oktober om 20.15 oere.
www.harmonie.nl
www.farruquito.com
- Kabaretier Fabian Franciscus is mei syn foarstelling ‘Vlafeest’ te sjen yn Theater De Bres yn Ljouwert. Sneon 14 oktober om 20.00 oere.
www.theaterdebres.nl
www.fabianfranciscus.nl